Slûs

In slûs of wetterslûs[1] is in ynstallaasje om oerflaktewetter yn ien rjochting tsjin te hâlden. It wurdt is besibbe oan it tiidwurd sipelje, wat ‘trochlitten fan wetter’ betsjut.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan oarsprong is in slûs neat oars as in weromslachklep yn in wetter (sjoch ek: pomp), dy’t iependrukt wurdt as it wetter fan ien kant streamt, as ticht as it fan de oare kant komt. Sa'n soarte slûs hjit ek wol in syl In foarbyld dêrfan wie de Jirnsummersyl.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd "slûs" is in lienwurd út it Romaansk dat fia it Aldfrânske escluse of streekrjocht út it Midsiuwsk Latyn sclusa komt. Dat hinget gear mei it Latynske excludere itjine "bûtenslute" of "útslute" betsjut.[2] Eartiids kaam yn it Frysk it wurd "syl", ôflaat fan it Aldfryske sīl in soad foar.
Soarten slûzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kearslûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Kearslûs.
Lettere slûzen krigen ek oare funksjes. Sa wurde silen brûkt om feartwetter op nivo te hâlden. Sa'n slûs, in kearslûs, kin ek iepen set wurde, by lykwetter, wêrtroch skippen troch de slûs komme kinne. Foarbylden dêrfan binne de silen yn de feanfearten.
Syl of spuislûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Syl.
In syl yn in seedyk, dy't by leech wetter it binnenwetter spuit, hjit wol in spuislûs. By de slûsdoar wetter wurdt de klep iependrukt troch it binnenwetter; by floed drukt it seewetter de slûsdoar wer ticht. Yn Nederlân lizze de polders sa leech dat hast al dit soarte silen ferfongen binne troch gemalen. Oan de Dútske Waadkust wurkje de measte silen noch hieltiten. It is dêr al sa dat silen faak earst iepene wurde as der genôch wetter efter stiet, dat it wetter de haven bûten it syl útspielt. Sa kin de haven it sân dat troch de Waadsee nei de floed efterlitten is wer kwyt wurde.
Skutslûs of fallaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Skutslûs.
In skutslûs makket it mooglik om skippen fan ien nei in hegere of legere wetterpeil te bringen. In skutslûs bestiet út in skutkolk of slûskolk mei oan aletwa kanten in slûsdoar. De ôfmjittings fan 'e kolk stelle de CEMT-klasse fan in farwei fêst. Gauris is dêr njonken in keardaam in skutslûs. As de keardaam sletten is, bliuwt de skipfeart troch de skutslûs mooglik.
Ynlitdûker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ynlitdûker of ornaris in ynlit is leit yn in wetterkearing en is dêrfoar ornearre om farsk wetter yn 'e polder te litten. In ynlit wurdt ek wol in dûkerslûs neamd. In ynlit bestiet meastentiids út in dûker mei oan ien kant fan it bûtenwetter in skúf of klep dy't iepenset wurde kin en lit wetter yn. It ynlitten fan wetter is nedich en hâld wetter farsk. Ek kin in ynlet brûkt wurde om it wetter op peil te hâlden nei in tiid fan drûchte, dêr't de nedige ferdamping foarkomt.
Waaierslûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In waaierslûs is in spesjale slûs, dy't as wichtichste eigenskip hat dat er tsjin 'e wetterdruk yn iepene en sletten wurde kin. De wichtichste funksje fan de slûs, yn 1808 útfûn troch Nederlânsk wetterboukundich yngenieur Jan Blanken, wie benammen foar foar ynundaasjes
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - syl
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |