Springe nei ynhâld

Roptasyl

Ut Wikipedy
It gemaal fan Roptasyl

Roptasyl is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Roptasyl leit yn de himrik fan Pitersbierrum.

Roptasyl leit oan de Waadsee benoarden Harns en benoardwesten Winaam en de N393. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 lei it yn de eardere gemeente Barradiel.

Foar de ôfwettering fan de Roptafeart en de Seisbierrumer Feart is der in spuislûs en in gemaal. By it gemaal waard in fisktrep oanlein.

De syl mei slûswachtershûs, 1884-1968
Keunstwurk by de fiskhevel

Roptasyl wie yn eigendom en behear fan de bewenners fan Nijehuis (pleats Wieger de Hoop, Winaam, Roptafeart). Yn 1424 wie de oerdracht fan Roptasyl oan Sikko fan Nijehuijs en waarden de betingsten dêrby fêststeld. De syl wie doe fan hout makke. Hy moast altiten troch Sikko ûnderhâlden, fernijd en tsjin alle skea hoede wurde, allinnich útsûndere as de Hollanners of oare fijannen deselve verbranden mogten, dan soenen op kosten ta werstelling beide partijen (bewenners fan Nijehuis oan de iene en Frjentsjerteradiel oan de oare kant) elk foar de helte 'hoede' wurde. Sikko moast in brêge fan tsien foet wiid oer de sylroede lizze en ûnderhâlde. De fiskerij mei netten yn de sylroede wie sûnder ferpachting oan nimmen tastien, op verbeurte van acht ponden. As fersekering fan it krekte neikommen fan it ferdrach stelde Sikko as ûnderpân 25 pondematen land over hoog en laag, gelegen in zijn en zijns broeders landeigendom Ingela geheten, op de Haula, welke landen door hem en zijn erfgenamen onvervreembaar moesten gehouden worden. It brief dêrfan wie mei goedfinen fan grytmannen en rjochters, ried en miene gemeente, en ek de preesters fan Frjentsjerteradiel jûn en bekrêftige. Fan de oare side wie dit ferdrach troch Sikko sels en op syn fersyk troch hear Sjuk, pastoar yn Winaam, Sijwert Heslinga, wenjende oan de Vrawei en Jelmer op de Aijdelum, syn bysûndere freonen, mei tekene en besegele op Sint Magnus 1424.

Haula is noch wol bekend, mar de nammen Vrawei, Ingela en Aijdelum binne yn it ferjitboek rekke. Pas fjirtjin jier letter ûntstie der al wat skeel tusken Sikko en it gerjocht fan Frjentsjerteradiel, oangeande Roptasyl, benammen om de slatting fan de sylroede, wêroer skreaun waard dat Franekeradeel geheel en volkomen zal houden en slatten de zijlroede binnendijks tot aan de zijl en buitendijks van de zijl tot aan de zee toe. Dêr blykt dus al dúdlik út dat der bûten Roptasyl doe noch lân wie, dêr't troch de ôfwettering of sylroede nei see slatten en ûnderholden wurde moast. De kust is dus sûnt fiif iuwen frijwat minder wurden. Sikko moast, sa waard fierder fêststeld, neffens it earder ferdrach, de syl mei alle needsaaklike boustoffen foar syn rekken hâlde, de zijl volkomen bruik- en sluitbaar houden en ook de kolk zoodanig van slijk zuiveren, dat de zijldeuren geopend en gesloten konden worden. Dy útspraak waard dien troch de grytmannen en rjochters fan Barradiel.

  • Draaisma, Kees, Geschiedenis van Roptazijl (Ljouwert, 2010)
Harns
Stêd:
Harns
Doarpen en útbuorrens:
MullumWinaam
Buorskippen en wiken:
AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part)Ungaboer
· · Berjocht bewurkje
De Waadhoeke
Stêd:
Frjentsjer
Doarpen en útbuorrens:
AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp
Buorskippen:
AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part)DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGetswertersylGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein
· · Berjocht bewurkje