Aldebiltsyl
Aldebiltsyl | ||
Muontsebiltdyk | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 935 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 16,29 km², wêrfan: - lân: 16,19 - wetter: 0,10 km² | |
Befolkingsticht. | 58 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 18' N 5° 43' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee Aldebiltsyl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik (grien) fan Aldebiltsyl yn 'e eardere gemeente It Bilt |
Aldebiltsyl (Biltsk: Ouwe-Syl) is in doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Aldebiltsyl leit westlik fan Hallum, noardwestlik fan Alde Leie, noardeastlik fan Froubuorren en eastlik fan Nij Altena. De doarpskearn fan Aldebiltsyl leit oan beide siden fan de Kaaifeart en oan de Mûntsebiltdyk en Dûmny Schuilingstrjitte.
De buorskip Nijebiltsyl heart ek by Aldebiltsyl.
Aldebiltsyl hat 935 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1505 waard útein set mei de oanlis fan de Aldebiltdyk. By de útwetteringsslûs fan de Alde Riid nei see waard it doarp stifte. De slús, dy't de kearn fan it doarp foarmet, joech de namme oan Aldebiltsyl (syl = slûs).
Foar de ynpoldering waarden wurknimmers út Súd-Hollân oanlutsen. Hja bleane dêr en bouden harren hûzen oan de dyk. De dykwurkers waarden boer, arbeiders, fisker of slykwurker en troch de ynfloed fan it Frysk ûnstie in eigen mingtaal: it Biltsk.
Fan 1892 oant 1934 stie yn it doarp it molkfabryk 'De Broederschap'.
Troch de feroarings yn de lânbouom de jierren 1960 hinne fermindere de wurkgelegenheid en dat feroarsake in tebekset fan it tal ynwenners. Forinzen, minsken út de Rânestêd en Dútske toeristen kocht doe de leechsteande hûskes op. De omkriten binne noch altiten tige agrarysk; der wurde in soad jirpels ferboud en eksportearre nei it bûtenlân.
Oan de Aldrij, it wetter troch Aldebiltsyl, stie sûnt 1527 it hûs fan de aksynsmaster dat it Keuningshuus neamd waard. It hûs stiet de net mear, mar de wyk hjit noch de Keuningsstreek.
Sûnt 1948 is Aldebiltsyl in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Froubuorren. Oant 2018 lei it doarp yn de gemeente It Bilt, dat yn dat jier opgie yn de gemeente Waadhoeke
Yn 2018 waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 yn sân jirpelskuorren oan 'e Aldebiltdyk de tentoanstelling Fruchtbere Grônd holden.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aldebiltdyk hat in doarpsbelang. Yn it dykdoarp stiet de Aerden Plaats, in kultureel besikerssintrum oer It Bilt, mei romte foar wikseleksposysjes en in argeologysk stipepunt mei in fêste presintaasje oer de bediking fan It Bilt.
It doarpskafee hjit 't Graauwe Paard. De ynwenners waarden tradisjoneel foar flaakshaaltsjes útmakke.[3]
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it doarp hawwe fjouwer aparte tsjerkegebouwen stien. De herfoarme tsjerke waard yn 1960 sletten en ta wenhûs ferboud. De Fermanje fan Aldebiltsyl gie yn 1997 ticht en is tsintwurdich yn hannen fan in stifing. De Julianatsjerke makket diel út fan it kulturele besikerssintrum. It is in unyk gebou omdat de tsjerke tsjin de dyk oanboud is en al yn 1636 as fermanje brûkt waard. Pas yn 1906 krige it tsjerkje in houten tuorke. De eardere grifformearde tsjerke fusearre mei Nij Altena en hold sûn 2016 allinne de tsjerke dêr oan. Allinne de tsjerke fan de Evangelyske Gemeente wurdt hjoed-de-dei (2023) nch brûkt.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 604 | 1741 | 1505 | 1469 | 1254 | 1011 | 1003 | 955 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Piet van Vliet (1858), politikus
- Gerrit Keizer (1874), merkeman en ûndernimmer
- Sybe Krol (1946–1990), dichter
- Jannie Regnerus (1971), fotograaf, filmer en skriuwster
- Thys Polstra (1905-1993), toanielskriuwer
- Auke Johannes Vleer (1911-1981), politikus
- Siemon Sipma (1824-1904), skriuwer
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch: Strjitten yn Aldebiltsyl
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|