Sybe Krol
Sybe Krol | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sybe Krol | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 desimber 1946 | |
berteplak | Aldebiltsyl | |
stoarn | 25 febrewaris 1990 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | gedichten | |
jierren aktyf | 1972-1990 |
Sybe Krol (Aldebiltsyl, 17 desimber 1946 – Ljouwert, 25 febrewaris 1990) wie in Fryske dichter en fertaler. Hy wie redakteur fan it literêr tydskrift Hjir.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sybe Krol wie in boeresoan, hikke en tein op It Bilt. Hy studearre oan de kweekskoalle yn Ljouwert. Dêrnei wurke er efterelkoar yn in bibleteek, as ûnderwizer oan in legere skoalle, as leksikograaf oan de Fryske Akademy en as dosint Frysk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.
Krol wie iepentlik homoseksueel en hie in relaasje mei de sjonger en muzikant Roel Slofstra. Krol stoar yn de âldens fan 43 jier oan de gefolgen fan AIDS. Hy waard beïerdige op it tsjerkhôf fan Furdgum, it doarp dêr't hy en Slofstra wennen.
Krol debutearre yn 1972 yn Hjir, en soe yn dat tydskrift in protte fersen, ferhalen en resinsjes publisearje. Hy brocht trije dichtbondels út. As oersetter nei it Frysk wie er tige aktyf. Hy sette literêre ferhalen en toanielstikken oer (benammen út Skandinavië): wurken fan û.a. Jean Genet, Knut Hamsun, William Shakespeare en Oscar Wilde.
Lietteksten skreau er yn it foarste plak foar syn freon Roel Slofstra, dy 't ferskate platen mei Krols ferskes en balladen útbrocht hat. Dêrneist skreau er ek teksten foar de Frysktalige folkgroeo Irolt. Sybe Krol stie mei syn teksten mei oan de basis fan it oplibjen fan de Frysktalige muzykscene yn it lêste fjirdepart fan de 20ste iuw.
It teäterselskip Tryater brocht yn de jierren ’80 geregeldwei fan Krol oersette toanielstikken op de planken. Yn 1987 waard him de Obe Postmapriis takend, en tagelyk oan seis kollega-fertalers, foar de toanielfertalingen foar Tryater. Fan de sân winners, wegeren Sybe Krol en Piter Boersma dizze priis, as protest tsjin de wize fan takennen.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1978: Fossyl fan fjûr (2e printinge 1982)
- 1983: Korrektyf
- 1984: Rymtwang
Proazafertalingen (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1982: Hanne Børner, De reis fan Kristoffel (jeugdroman, út it Deensk)
- 1982: Denudaasje: in rige Deenske novellen (karlêzing)
- 1983: Knut Hamsun, Tramkondukteur yn Chicago: en oare ferhalen (út it Noarsk)
- 1983: Sjouke Visser, Fan in skipke en syn kammeraten (út it Nederlânsk)
- 1984: Birgit Erup, Mem en heit sille byinoar wei (út it Deensk)
- 1994: Oscar Wilde, De tawijde freon: mearkes (út it Ingelsk; postume útjefte)
Toanielfertalingen (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1984: Nick Hall, Út (út it Ingelsk: Broken up)
- 1985: Jean Genet, De fammen (út it Frânsk: Les bonnes)
- 1986: William Shakespeare, Romeo en Julietta: trageedzje
- 1988: William Shakespeare, Richard III