Springe nei ynhâld

NHL Hegeskoalle

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardlike Hegeskoalle Ljouwert)
Logo fan de NHL
It âlde gebou fan de NHL oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert.

De NHL Hegeskoalle (Nederlânsk en offisjeel: NHL Hogeschool) wie in ynstelling foar heger ûnderwiis yn Nederlân. De skoalle hie mear as 10.000 studinten en 1.000 meiwurkers. NHL Hegeskoalle bestie fan 1 augustus 1987 oant 2018, doe't de skoalle nei in fúzje mei Stenden University opgie yn it nije NHL Stenden Hegeskoalle. De ynstelling waard laat troch de Stifting Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.

It nije gebou fan de NHL oan de Rengersleane yn Ljouwert.

De haadlokaasje fan de NHL siet yn Ljouwert, mar oare plakken yn Nederlân húsmanje ek ûnderdielen; bygelyks yn Grins, Swol, West-Skylge en Ynskedee.

De festigings:

Ein 2009 binne de lokaasjes dy’t festige yn Ljouwert ferhuze nei in nijboulokaasje. It nije gebou stiet op it plak dêr’t eartiids it Bouhouf stien hat, wat earst ek in lokaasje fan de NHL wie. Dat nije gebou stiet neist de Stenden Hegeskoalle.

De NHL Hegeskoalle hat in algemiene grûnslach. Dit betsjut dat de skoalle net iepenbier of Kristlik is, mar útgiet fan in lykweardige posysje fan alle libbensbeskôgings en maatskiplike oertsjûgings.

Oan de top fan de NHL stiet de Ried fan Tasjoch. Dizze kiizje en stjoere it Kolleezje fan Bestjoer (KfB) oan. De KfB is ferantwurdlik foar it deiliks bestjoer oer de skoalle.

De NHL is ûnderferdield yn fjouwer ynstituten. Dizze ynstituten jouwe yn harren eigen ynstitút opliedings dy't nau mei-elkoar besibbe binne. Alle ynstituten hawwe in eigen direkteur:

  • Ynstitút Ekonomy en Management
  • Ynstitút Edukaasje en Kommunikaasje
  • Ynstitút Technyk
  • Ynstitút Soarch en Wolwêzen

Dizze ynstituten binne wer opdield yn ferskate ôfdielings. Eltse ôfdieling hat ien of meardere opliedings (ôfhinklik fan de grutte fan de opliedings). Eltse ôfdieling hat in eigen ôfdielingshaad.

De NHL hat trije nivo’s fan meisizzenskip:

  • Hegeskoalleried (de hiele hegeskoalle)
  • Dielried (it ynstitút)
  • Opliedingskommisje (de ôfdieling)

Yn teory binne der foar alle trije nivo’s ferkiezings, mar omdat der meastal te min kandidaten binne fine dizze ferkiezings meastal net plak.

Oare organisaasje ûnderdielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist de fjouwer ynstituten binne der ek noch de beliedsstêf, it Service Centre en it Learning Centre. It Service Centre soarget foar alle fasilitêre saken binnen de NHL. It Learning Centre biedt foar studinten en meiwurkers kursussen oan.

De NHL hat 73 ferskate opliedings, dizze opliedings binne ferdield oer fjouwer ynstituten. De opliedings wurde yn fjouwer domeinen opdield:

  • Ekonomy, management en kommunikaasje
  • Technyk
  • Learaaropliedings
  • Soarch en Wolwêzen

Neist de Bachelor opliedings fersoarget de NHL ek in tal Master-opliedings, wêrfan de measten earstegraad foegen foar de learareopliedings binne.

It ûnderwiis op de NHL is bot beropsrjochte. It ûnderwiis is yndividueel en kompetinsje rjochte. Alle opliedings biede de mooglikheid foar studinten om karren te meitsjen troch it MajorMinor systeem.

De studinten wurkje ûnder oare mei it Blackboard-systeem. Fierders krijt eltse studint in eigen e-mailadres en tagong ta it yntranet fan de skoalle.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]