Dr. Obe Postmapriis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Obe Postmapriis)
Dr. Obe Postmapriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foar oersettings yn it Frysk
útrikt troch provinsje Fryslân
frekwinsje 1x yn de 3 jier
plak Ljouwert (Fryslân)
ynsteld 1984
1e útrikking 1984
offisjele webside
gjint

De Dr. Obe Postmapriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis foar oersetters, neamd nei de Fryske dichter en oersetter Obe Postma.

Omskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De priis wurdt takend oan de bêste oersetting fan de foarôfgeande perioade. Dy perioade is by it ynstellen fêststeld op trije jier, lykas dat doe ek foar de Gysbert Japicxpriis fêststeld waard. De priis is yn 1984 foar it earst útrikt, en bestie doe út in oarkonde en in priis fan 1500 gûne. De priis wurdt tagelyk mei de Fedde Schurerpriis útrikt op it Provinsjehûs.

Wegering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1987 wie de priis takend oan de oersetters fan de stikken fan Tryater. Dy priis is doe net útrikt, om't in part fan de oersetters fûn dat de sjuery ien inkelde oersetting en oersetter útkieze moatten hie.

Priiswinners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]