Dat Sei Zarathustra
Dat Sei Zarathustra | ||
De Fryske oersetting, yn 2000 útjûn troch Utjouwerij Bornmeer. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Also Sprach Zarathustra | |
auteur | Friedrich Nietzsche | |
taal | Dútsk | |
foarm | proaza | |
sjenre | filosofyske roman | |
skreaun | 1883-1885 | |
1e publikaasje | 1883-1891 | |
oarspr. útjwr. | Ernst Schmeitzner | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Dat Sei Zarathustra | |
publikaasje | 2000, De Gordyk | |
útjouwer | Utjouwerij Bornmeer | |
oersetter | Eric Hoekstra | |
prizen oers. | dr. Obe Postmapriis 2002 | |
ISBN oers. | 978-9 05 61 50 419 |
Dat Sei Zarathustra, yn it oarspronklike Dútsk: Also Sprach Zarathustra, is in filosofyske roman fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Dútske filosoof, skriuwer, dichter, komponist en kultuerkritikus Friedrich Nietzsche (1844-1900). It hat de ûndertitel fan In Boek foar Alleman en Gjinien (Ein Buch für Alle und Keinen) en bestiet út fjouwer dielen dy't foar it earst yn ien bân útjûn waarden yn 1892. In grut part fan it wurk behannelet tema's as "de ivige werhelling fan itselde", de gelikenis fan "de dea fan God" en de "profesije fan 'e Übermensch". De Fryske oersetting fan Eric Hoekstra waard útjûn yn 2000.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nietzsche krige it idee foar Also Sprach Zarathustra doe't er yn 1882 Die Fröhliche Wissenschaft oan it skriuwen wie, oan 'e kant fan 'e Silvaplanersee, yn 'e Opperingadynske Delling yn Retoromaansktalich Switserlân. Hy skreau de earste trije dielen yn 1883 en hold neitiid út dat er foar elts diel net mear as tsien dagen nedich west hie. Dy earste trije dielen waarden yn 't earstoan apart publisearre, mar ferskynden yn 1887 yn ien kaft. Nietzsche hie oarspronklik de bedoeling hân om it dêrby te litten, mar betocht him letter en besleat om nochris trije dielen te skriuwen. Dat slagge lykwols net en allinne it fjirde diel (1885) kaam him troch de hannen. Dat fjirde diel ferskynde mar yn in tige beheinde útjefte fan fjirtich oant fyftich eksimplaren, oant alle fjouwer dielen yn maart 1892 foar it earst as ien boek útjûn waarden. Sûnt dy tiid omfetsje alle edysjes fan Also Sprach Zarathustra ornaris alle fjouwer dielen.
De ideeën dy't Nietzsche yn Dat Sei Zarathustra oppenearret, wurde oerbrocht mei breed skala oan ynnovative dichterlike en retoaryske metoaden. Mei't in protte fan dy ideeën ek út Nietzsche syn oare wurken nei foarren komme, liket Dat Sei Zarathustra wol in foarútrinder op syn lettere boeken te wêzen.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Also Sprach Zarathustra beskriuwt de fiktive reizen en ûnderrjochtings fan Zarathustra. Dy namme hat Nietzsche oernommen fan 'e Perzyske profeet út 'e Aldheid en grûnlizzer fan 'e soroästristyske godstsjinst, dy't yn it Frysk ornaris Soroäster (Avestaansk: Zaraθuštra) neamd wurdt. Lykwols, it is oerdúdlik dat Nietzsche it oer in optochte of alteast oare Zarathustra hat.
Doe't Zarathustra tritich jier wie, ferliet er syn bertegrûn en loek er him werom yn bergen. Nei tsien jier komt er werom en bejout er him wer ûnder de minsken, yn it selskip fan syn wize slange en earn. Dêrop begjint er de iepenbierings út te dragen dy't yn syn tsien jier fan klúznerskip ta him kommen binne, lykas dat alles him altyd werhellet en dat God dea is. In oar apart idee fan him is dat de minske fan hjoed de dei noch mar healwei is op syn ûntwikkeling fan aap nei Übermensch.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan Also Sprach Zarathustra ferskynde yn 2000 ûnder de titel Dat Sei Zarathustra by Utjouwerij Bornmeer op De Gordyk. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Eric Hoekstra, dy't der yn 2002 de dr. Obe Postmapriis mei wûn. Dat Sei Zarathustra waard yn 2007 werútjûn troch de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |