Ilias

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Side út 'e Ilias, datearjend fan likernôch 500.

De Ilias, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ιλιάδα, Iliada, is in ier Gryksk epos dat taskreaun wurdt oan 'e grutte (en neffens de tradysje bline) skriuwer en dichter Homêros (of Homearus), dy't om 850 f.Kr. hinne libbe hawwe moat. Saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat de Ilias en oare, soartgelikense dichterlike wurken wierskynlik earst lange tiid mûnling oerlevere en pas letter op skrift steld binne. Dat soe dus betsjutte dat Homêros inkeld in al besteand wurk delskreaun hat. Hoe dan ek, de Ilias bestiet út 15.693 yn daktylyske heksameters fêstleine dichtregels, dy't skreaun binne yn it saneamde Homearysk Gryksk, in literêre griemmank fan Ioanysk Gryksk en oare doetiidske dialekten.

It epos fertelt it ferhaal fan in deilisskip yn it kamp fan 'e Griken tusken Agamemnon, one direction de kening fan Mysene, en de held Achilles, tsjin 'e eftergrûn fan it tsienjierrich belis troch in koälysje fan Grykske keningen fan 'e stêd Troaje, oan 'e noardwestkust fan Lyts-Aazje. De titel is ûntliend oan Ilion (Ἴλιον), de âlde Grykske namme foar Troaje. Hoewol't de Ilias mar in pear wike fan 'e belegering beljochtet, wurdt deryn ferwiisd nei withoefolle leginden oer en eardere foarfallen yn 'e Trojaanske Oarloch. De Ilias wurdt ornaris yn ien sike wei neamd mei de Odyssee, dat der min ofte mear in ferfolch op is. Beide hearre ta de âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske literatuer. De Ilias is op withoefolle manear adaptearre ta oare media. Yn 2004 kaam der fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma in Fryske fertaling fan 'e Ilias út.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

It is in wiid fersprate misfetting om te tinken dat de Ilias de hiele tsienjierrige Trojaanske Oarloch behannelet. Eins is it mar in frij koarte momintopname fan in pear wiken yn it tsiende jier fan 'e oarloch, wêrby't it ferhaal giet oer de wrok fan 'e held en healgod Achilles foar Agamemnon oer, de kening fan Mysene en de lieder fan 'e Griken . Noch de oanlieding foar of it begjin fan 'e oarloch, noch de mûklist mei it ferneamde Hynder fan Troaje of de oerwinning fan 'e Griken wurdt yn 'e Ilias beskreaun. Der wurdt yn it ferhaal en yn oare boarnen lykwols ferwiisd nei safolle leginden oer de Trojaanske Oarloch, dat it ferrin dêrfan bekend is (sa wurdt fan it Hynder fan Troaje ferteld yn 'e Odyssee en troch de Romeinske dichter Fergilius).

Om 'e foarskiednis hiel yn 't koart wer te jaan: der wie in brulloft dêr't alle goaden útnoege wiene, te witten dy fan Achilles syn âldelju, want Achilles syn mem wie de seegoadinne Tetis. Doe't Earis, de goadinne fan 'e twaspjalt, dêr net talitten waard, smiet se út it doarsgat in goudene apel nei binnen ta dêr't de tekst "oan de tsjepste" op gravearre stie. De goadinnen Heara, Atene en Afrodite mienden alletrije dat it ding dúdlik foar harsels bestimd wie. Se makken der rûzje oer en úteinlik besleaten se om in ûnpartijige jongfeint beslisse te litten wa't fan harren trijen it tsjepst wie (en dus de apel takaam). Dy jongfeint wie de Trojaanske prins Paris, dy't fier fan hûs grutbrocht waard as skiephoeder om't der in profesije útsprutsen wie dat hy Troaje yn it ferdjer stoarte soe. De trije goadinnen ferskynden neaken oan him, mar Paris kaam mar net út 'e rie wa't fan harren oft no it tsjepst wie. Dêrop besochten se him om te keapjen; Atene bea him wysheid en heldhaftigens yn 'e striid oan, Heara bea him politike macht en hearskippij oer hiele Aazje oan, en Afrodite bea him de leafde oan fan Helena, de frou fan kening Menelaos fan Sparta, de kreaste (stjerlike) frou op 'e wrâld. Paris besliste dêrop dat Afrodite de tsjepste fan 'e trije goadinnen wie. Neitiid kearde Paris werom nei Troaje, dêr't er wer opnommen waard yn 'e keninklike famylje. Doe bejoech er him nei Sparta ta, dêr't er Helena skaakte en mei weromnaam nei Troaje. As reäksje rôp Agamemnon, de kening fan it ynfloedrike Mysene, dy't in broer fan Menelaos wie, alle Grykske keningen byinoar, en mei syn allen sylden se nei Troaje ta, dat se tsien jier lang belegeren om't it har mar net slagge en nim it yn. Dêrby fochten guon fan 'e goaden oan 'e kant fan 'e Griken, wylst oaren de Trojanen stipen. Uteinlik waard de stêd troch in mûklist dochs ynnommen: de Griken diene krekt as joegen se it belis op en giene se nei hûs, mar lieten dêrby in grut houten hynder efter by wize fan offerjefte oan 'e goadinne Atene. De Trojanen, foar wa't hynders hillich wiene, hellen it ding yn triomf harren stêd yn, mar hja wisten net dat it hol wie en fol siet mei Grykske soldaten. Nachts kamen dy foar 't ljocht en iepenen ien fan 'e poarten fan 'e stêd foar harren weromkommen leger. Sa kaam Troaje dochs noch te fallen.

Opbou[bewurkje seksje | edit source]

De Ilias is ûnderferdield yn 24 boeken of sangen, dy't nûmere binne neffens de letters fan it Gryksk alfabet fan Α (alfa) oant Ω (omega) (yn haadletters). Alle boeken besteane út trochstrings 650 fersregels. Yn totaal omfettet de Ilias 15.693 fersregels, allegearre yn daktylyske heksameters. De taal is it argayske Homearysk Gryksk, dat Ioanysk Gryksk en guon oare dialekten út dy tiid trochinoar mjukset, en him ûnderskiedt fan it lettere Attysk Gryksk yn sawol byldspraak as morfology. Homêros brûkte in protte wiidweidige, ta de ferbylding sprekkende ferlikings (letter de Homearyske ferliking neamd). It epos set útein mei de wurden:

Μῆνιν ἄειδε, θεά, Πηληιάδεω Ἀχιλῆος

Muze, sjong fan de wrok fan Achilles, dy't soan wie fan Pêleus

Der is in twadde epos dat op 'e Ilias folget en ek oan Homêros taskreaun wurdt: de Odyssee. Dat ferhellet fan 'e tsienjierrige omdoarmings fan 'e Grykske held Odysseus, yn syn besykjen om nei de oerwinning op 'e Trojanen wer thús te kommen. Om't Poseidon, de god fan 'e see, wrok tsjin him koesteret, wol dat mar net slagje en fart er jierrenlang om, wêrby't er fan it iene yslike aventoer yn it oare belânet, ear't er op 't langelêst syn thúseilân Itaka berikt.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De Ilias set útein in medias res (d.w.s. middenyn 'e ferwikkelings). Chryseïs, de dochter fan Chryses, in Trojaansk preester fan Apollo, is finzen nommen troch de Griken. Hy biedt de Griken in kaptaal oan om har werom te krijen, mar Agamemnon, de kening fan Mysene en de lieder fan it Grykske leger, dy't it fanke ta bysliep nommen hat, wegeret dêr op yn te gean, ek al liket it de oare Grykske lieders skoan ta en nim it losjild oan. Dêrop bidt Chryses oan 'e god Apollo om help, en Apollo lit in grutte pestilinsje oer it Grykske leger komme. Nei njoggen dagen ropt Achilles, de suver ûnoerwinlike Grykske oarlochsheld en de lieder fan it Myrmidoanske kontingint, in gearkomste fan 'e Grykske oanfierders byinoar. Under druk fan 'e oaren jout Agamemnon dan einlings ta en stimt deryn ta om Chryseïs werom te stjoeren nei har heit, mar as kompinsaasje easket er dan Briseïs op, in oar finzen nommen Trojaansk fanke, dat Achilles ta bysliep nommen hie. Achilles wurdt dan poermâl en ferklearret dat er leaver sûnder wat bedijd te hawwen nei hûs gean wol as ea noch ûnder Agamemnon te fjochtsjen. Nei ôfrin fan 'e gearkomste eskortearret Odysseus, de kening fan Itaka, Chryseïs nei har heit ta, wêrop't Apollo de pestilinsje fan 'e Griken weinimt.

As Agamemnon syn ûnderhearrigen dan Briseïs by Achilles weihelje, ropt dyselde syn mem, de seegoadinne Tetis, oan om 'e oergod Seus te freegjen en bring it Grykske leger sa yn 'e benearing dat Agamemnon syn grutskens opite moat en twongen wêze sil om Achilles te fersykjen om werom te kommen. Tetis docht wat har soan freget en Seus stimt deryn ta; hy stjoert Agamemnon in dream wêryn't er him oantrunet om te besykjen Troaje mei in bestoarming yn te nimmen. Agamemnon leaut dat it in foarsizzende dream is en lit syn leger optsjen. Op 'e flakte foar de stêd moetsje de Griken de Trojanen, dy't ta de stêd útkommen binne om 'e slach oan te gean. Der wurdt in wapenstilstân sletten en beide siden stimme deryn ta om ynstee fan in fjildslach út te fjochtsjen, har te hâlden oan 'e útkomst fan in duël tusken Paris en Menelaos, de kening fan Sparta. Paris wurdt ferslein, mar ear't Menelaos him deadzje kin, wurdt er rêden troch de goadinne Afrodite.

Troch tadwaan fan 'e goaden wurdt de wapenstilstân ferbrutsen en komt it dochs noch ta in fjildslach. Dêrby bejouwe ek de goaden har op it slachfjild; op oantrún fan 'e goadinne Atene ferwûnet Diomedes, de soan fan 'e Grykske kening fan Argos, sawol Afrodite as de oarlochsgod Ares. De Trojaanske held en kroanprins Hektor wit in Trojaanske nederlaach foar te kommen troch in op gong kommende flecht yn 'e kym te smoaren, fersterkings út 'e stêd op te heljen en in twagefjocht oan te gean mei de Grykske held Ajaks de Mânskere, de kening fan Salamis. It fallen fan 'e nacht makket in ein oan 'e striid. De oare deis giet it fannijs oan, mei as ferskil dat Seus dan de oare goaden ferbiedt en gryp yn. No't de Griken net mear holpen wurde troch Atene en Heara, wurde de Trojanen harren oermânsk, en it Grykske leger wurdt weromdreaun nei syn fersterke kamp op it strân. By it fallen fan 'e nacht wurde se dêr troch de Trojanen belegere.

Agamemnon wol no wol omlyk, en stjoert Odysseus, Ajaks en guon oaren nei Achilles ta om dy oer te heljen en jou him wer yn 'e striid. Mar Achilles stegeret harren ôf. De oare moarns wurdt der wer fûleindich fochten, en Agamemnon, Diomedes en Odysseus reitsje allegear ferwûne. Achilles stjoert syn maat Patroklus om te sjen hoe't it der foar stiet, en wylst dy oan 'e frontliny is, kringe de Trojanen ûnder lieding fan Hektor, dy't in foartsjirmerij yn 'e wyn slein hat, it Grykske kamp yn. Patroklus wurdt troch Nestor, de kening fan Pylos, hast oerhelle om te helpen. Underwilens ferliedt Heara Seus en wylst de oergod neitiid wat leit te dodzjen, helpt de seegod Poseidon temûk de Griken om 'e Trojanen werom te slaan. As Seus wekker wurdt en dat ûntdekt, rekket er alhiel breinroer, en hy stjoert Apollo om 'e Trojanen te helpen, dy't dêrop fannijs it Grykske kamp ynkringe. Wylst der fochten wurdt tusken de op it strân lutsen skippen fan 'e Griken, kin Patroklus it net langer oansjen. Hy smeket Achilles om him fjochtsje te litten, en Achilles jout ta en lient him syn eigen wapenris, mar warskôget him om 'e Trojanen net bûten it Grykske kamp te efterfolgjen. Patroklus tsjocht mei de noch farske Myrmidoanen op tsjin 'e Trojanen, en dy wurde weromsmiten út it Grykske kamp wei. Mar dan slacht er Achilles syn warskôging yn 'e wyn en hjitfolget harren op 'e flakte. Hy wit úteinlik sels de eigenste poarten fan Troaje te berikken, mar dêr wurdt er keard troch Apollo sels, en neitiid wurdt er deade troch Hektor, dy't Achilles syn wapenris as oarlochsbút meinimt.

Achilles Beklaget de Dea fan Patroklus, in skilderij fan 'e Russyske reälist Nikolai Ge, út 1855.

As er fan Patroklus syn dea heart, wurdt Achilles suver gek fan fertriet. (Der bestiet frijwat ûnienichheid oer it aard fan 'e relaasje tusken harren beiden, oft dy homo-eroatysk wie, ja of nee. It is yn alle gefallen dúdlik dat de Alde Griken it wol sa opfetten.) Achilles swart wraak op Hektor. Tetis, Achilles syn mem, is krektlyk ûntreastber, mar dan fanwegen de profesije dat Achilles jong stjerre sil as er Hektor deadet. Hja freget Hefaistos, de smid fan 'e goaden (en de god fan 'e smidden), om in nije wapenris foar har soan te meitsjen. De oare moarns bringt Agamemnon Briseïs by Achilles werom, mar it fanke kin him no neat mear skele. Hy docht de wapenris oan dy't Hefaistos foar him makke hat, negearret de foarsizzing fan syn eigen dea en riidt syn striidwein it slachfjild op.

Yn 'e slach dy't dan begjint, lit Seus de goaden nei eigen goedtinken yngripe. Achilles kringt djip yn 'e Trojaanske slachoarder troch en deadet withoefolle fijannen. Hy snijt in part fan it Trojaanske leger ôf yn 'e rivier de Skamander (of Skamandros) en slacht se dêr by boskjes dea. De riviergod Skamander, dy't lulk is oer it besmoargjen fan syn wetters, wol him teplak sette, mar wurdt weromdreaun troch de fjurren fan Hefaistos. De goaden reitsje ûnderling slaande deilis, wylst de Trojanen harren stêd wer yn flechtsje. Achilles wurdt ûnderwilens fuortlokke troch Apollo, dy't himsels foardocht as in útnaaiende Trojaan. As it hiele Trojaanske leger yn feilichheid is, bliuwt Hektor as iennichste bûten de stêd. Hy skammet him oer de nederlaach, om't er dêroer oant twa kear ta foarsizzings yn 'e wyn slein hat. Hy wol syn eare weromwinne troch in duël oan te gean mei Achilles, mar as dy op him ôfkomt, ûntsinkt him de moed. Hy pykt út en wurdt troch Achilles om 'e stêd hinne efternei sitten, oant de goadinne Atene him mei in mûklist safier kriget dat er stean bliuwt en it gefjocht oan giet. Nei in koart duël stekt Achilles him troch de hals. Neitiid ûntearet er Hektor syn lichem troch it efter syn striidwein oan te slepen.

Dêrnei hâlde de Griken in dei lins om harren deaden, wêrûnder Patroklus, te begraven. Yn ûntsetting oer it oanhâldend misbrûk troch Achilles fan it lichem fan Hektor, beslist Seus dat it lyk weromjûn wurde moat oan Hektor syn heit Priamos, de kening fan Troaje. Under begelieding fan Hermes, de boadskipper fan 'e goaden, giet Priamos it Grykske kamp yn en smeket Achilles om it lichem fan syn soan. Dêrmei komt er Achilles sa op it moed dat de beiden inoar yn 'e earms falle en tegearre harren ferliezen yn 'e oarloch beskrieme. Neitiid wurdt Hektor troch Priamos Troaje binnendroegen en dêre begroeven, wylst de stêd him berouwet. Dêrmei einiget de Ilias.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | edit source]

De Ilias is ien fan 'e âldste ferhalen fan 'e Westerske kultuer, mar is nea opholden mei ta de ferbylding te sprekken. Troch de ieuwen hinne hat it in ûnbidige ynfloed útoefene op 'e Westerske literatuer, te begjinnen yn 'e Aldheid, doe't in protte trageedzjes fan grutte toanielskriuwers as Sofoklês, Euripides en Aeschylus fuortbordueren op 'e ferhaalstof fan 'e Illias. Mar ek yn 'e Midsieuwen en letter wie de ynfloed derfan op 'e literêre tradysjes fan it Westen net te ûnderskatten. Yn 'e moderne tiid is de Ilias boppedat adaptearre ta withoefolle oare media, lykas (moderne) poëzij, essays, byldferhalen, strips, toanielstikken, musikals en films. Ut 'e lêste jierren datearret bgl. de Hollywood-spylfilm Troy (2004), mei Brad Pitt yn 'e rol fan Achilles, al wie dat in tige frije bewurking fan it ferhaal fan 'e Ilias. Op it mêd fan 'e literatuer moat fierders noch neamd wurde de masterlike werfertelling troch fan 'e Britske fantasy-skriuwer David Gemmell yn syn trilogy Troy: Lord of the Silver Bow, Troy: Shield of Thunder en it postúm ferskynde Troy: Fall of Kings.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De earste Fryske fertaling út 'e Ilias wie fan 'e hân fan Douwe Kalma (1896-1953), dy't de achttjinde sang oersette. Oersetter Klaas Bruinsma pielde al fan 'e jierren fyftich ôf út en troch mei Homêros syn wurk om; sa binne der by Tresoar fertalingsfragminten út 'e Ilias yn te sjen ûnder de titels Lof fan de Sjonger en Pêgasos Bliuwt yn 'e Stringen. Yn 'e njoggentiger jierren, doe't er mei pinsjoen gien wie, besleat er lykwols om dien wurk te meitsjen. Sa ferskynde yn 2004 fan syn hân de earste folsleine Fryske oersetting fan sawol de Ilias as de Odyssee, by Steven Sterk, Utjouwer, te Utert. Under mear foar dizze fertaling waard oan Bruinsma yn 2005 foar de twadde kear de dr. Obe Postmapriis takend.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Frysk

  • Homêros, Lof fan de Sjonger / Pêgasos Bliuwt yn 'e Stringen (oers. Klaas Bruinsma), sûnder jier (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. 090.431.
  • Homêros, Ilias (oers. Klaas Bruinsma), Utert, 2004 (Steven Sterk, Utjouwer), ISBN 9 07 37 89 079.

Nederlânsk

  • Homeros: Ilias en Odyssea (in werjefte fan Frans van Oldenburg Ermke dy't trou oan de tekst bliuwt), 1959 (Kempische Boekhandel - Retie).
  • Ilios: Het Verhaal van de Trojaanse Oorlog (in oersetting en bewurking troch Imme Dros), 1999; ISBN 9 02 14 60 467 (wûn yn 2000 de Zilveren Zoen).
  • Ilias: De wrok van Achilles (ynlaat en oerset yn Nederlânske heksameters troch H.J. de Roy van Zuydewijn), 1980 (Nijhoff), ISBN 9 02 95 20 582.
  • Homerus' Ilias (oers. M.A. Schwartz, mei in neiwurd fan Piet Gerbrandy), Amsterdam, 2008 (Athenaeum - Polak & Van Gennep), ISBN 978-9 02 53 20 430.
  • Het lied van Troje (op 'en nij ferteld troch Colleen McCullough; oers. E. van Rijsewijk), Amsterdam, 1998 (De Boekerij); oerset út it Ingelsk: The Song of Troy, 1988 (Orion).