Springe nei ynhâld

Klaas Bruinsma (oersetter)

Ut Wikipedy
Klaas Bruinsma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Bruinsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 febrewaris 1931
berteplak Easterein (Fryslân)
stoarn 29 oktober 2018
stjerplak Drachten (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt ûnderwizer, learaar Ingelsk &
   skiednis
aktyf as oersetter, dichter, skriuwer
jierren aktyf 1949 – 2018
reden
  bekendheid
oersettings fan 'e klassiken
   nei it Frysk
bekendste
  wurk(en)
de Ilias en de Odyssee
Lânwurk
Feroarings fan Stal
Sofoklês: Trije Trageedzjes
Rein de Foks
Marike fan Nijmegen
prizen dr. Obe Postmapriis 1993
dr. Obe Postmapriis 2005
Sulveren Anjer 2007
Klaas Bruinsma
skriuwer
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, non-fiksje
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
De Opstalbeam
Us Grutte Foarsjonger Gysbert Japix
jierren aktyf 1949 – no
offisjele webside
gjint

Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018)[1] wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Dêrfoar waard oan Bruinsma twaris de dr. Obe Postmapriis takend en teffens waard er eare mei in Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wied er ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.

Klaas Bruinsma waard berne te Easterein yn wat no de gemeente Súdwest-Fryslân is (doe Hinnaarderadiel), as it op ien nei jongste bern út it gesin fan in ryksfjildwachter. Bruinsma syn heit waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch deportearre en kaam om yn 'e konsintraasjekampen, by wize fan represaillemaatregel om't de Dútsers syn âldste soan, dy't yn it ferset siet, net krije koene.

Nei de legere skoalle gie Bruinsma nei de MULO en folge ûnderwilens bylessen yn Aldgryksk en Latyn. Nei ôfrin fan 'e oarloch besocht er it Grifformeard Gymnasium yn Huzum (no it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé) en dêrnei learde er fierder oan 'e Ljouwerter kweekskoalle. Hy stie in pear jier as ûnderwizer oan 'e legere skoalle, earst yn Spannum en doe yn Hidaard. Syn ferfangende tsjinstplicht ferfolle er as broeder yn in psychiatrysk sikehûs. Hy troude en ferfear yn 1960 mei syn frou nei Zoetermeer, dêr't er op 'e nij in oanstelling oan in legere skoalle krige.

Wylst syn húshâlding oanwoeks ta úteinlik fjouwer bern (Wike, Dukke, Winfried en Inne),[1] helle Bruinsma de akte Ingelsk, wêrmei't er yn 1963 in oanstelling oan 'e MULO yn Balk yn 'e wacht sleepte. Dêr bleau er tsien jier en doe ferhuze er nei Drachten, dêr't er fan 1973 oant syn pinsjoen yn 1986 learaar Ingelsk en skiednis oan it Ichtus Kolleezje wie. Underwilens wie syn houlik yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich op in skieding útrûn. Bruinsma wenne dêrnei oant 2003 te Aldemardum, mar gie doe wer werom nei Drachten.

Mids 2018, doe't er ûnderwilens op hege jierren wie, lei er trije dagen yn it sikehûs mei in akút koronêr syndroom (tichtslibbing fan 'e krânsslachier om it hert hinne).[2] Nei in perioade fan oanboazjende minnichte dy't einige mei palliative soarch yn Hospice Smelnehaven[1] yn syn wenplak Drachten, kaam Bruinsma op 29 oktober 2018 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren. [3]

Nei syn pinsjonearring lei Bruinsma him alhiel ta op it oersetten fan 'e klassiken út 'e wrâldliteratuer yn it Frysk. Hy hie dêr earder ek al út en troch mei oan 'e gong west, mar no hied er der foar it earst alle tiid foar. It wie leafdewurk, want in Frysk oersetter hoecht net te ferwachtsjen dat er wat foar al syn bodzjen kriget, lit stean dat er derfan libje kinne soe. Sterker noch, de útjefte fan Sofoklês: Trije Trageedzjes betelle Bruinsma út eigen bûse, oars soe it nea publisearre wêze. Oare bekende oersettings fan syn hân binne û.m. de Ilias en de Odyssee fan Homêros, Lânwurk fan Fergilius, Ovidius syn Feroarings fan Stal, en anonime Midsiuwske Nederlânske wurken lykas Marike fan Nijmegen, Béatrys en Karel en Elegast.

Bruinsma wurke út leafde foar de taal en út oertsjûging en ideälisme foar Fryslân. Yn in fraachpetear yn 2010 seid er dat er it die foar de status fan it Frysk as literêre taal: "In taal dy't serieus nommen wurdt troch de eigen sprekkers, moat oersettingen ha fan Homêros en de oare klassiken, sa ienfâldich is it."[3] Syn ynset waard yn 1993 beleanne mei de takenning fan 'e prestizjeuze dr. Obe Postmapriis foar Sofoklês: Trije Trageedzjes en de Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten op it mêd fan it Frysk yn it algemien. Tolve jier letter, yn 2005 wûn er op 'e nij de dr. Obe Postmapriis, diskear foar syn oersettings fan Gysbert Japix út it Midfrysk nei hjoeddeisk taalgebrûk yn it tinkboek Gysbert Japix: een Keuze uit Zijn Werk, en dêrnjonken fan Fergilius syn Lânwurk en fral ek fan 'e Ilias en de Odyssee. Yn 2007 waard oan Bruinsma ek noch in Sulveren Anjer útrikt fanwegen syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.

Wurk (ûnfolsleine opsomming)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurken mei de jiertallen tusken rjochte heakken binne wierskynlik (noch) net útjûn (mar wol yn te sjen by Tresoar).

Fryske Oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Fryske oersetting fan 'e Ilias, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Odyssee, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Batrachomyomachia, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Argonautica, troch Klaas Bruinsma.
De (fragmintaryske) Fryske oersetting fan 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Georgica, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Vita Bonifatii, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan 'e Metamorphoses, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Floris ende Blancefloer, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersettings fan Mariken van Nieumeghen en fan Elckerlijc (publisearre yn ien bân), troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan De Roman van Walewein, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Ferguut, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Moriaen, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersetting fan Van Sente Brandane, troch Klaas Bruinsma, útbrocht yn ien bân mei trije oare teksten oer Sint Brandaan yn oersetting fan Eibert van der Veen.
De Fryske oersetting fan Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada, troch Klaas Bruinsma.
De Fryske oersettings fan in ferskaat oan Spaansktalige gedichten troch Klaas Bruinsma, gearbrocht yn 'e bondel Blomlêzing út 'e Spaanske Poëzij.
  • 1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel I: It Essay (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. I: Essay) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer)
  • 1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel II: It Corpus (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. II: Corpus des Sources) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer)
  • 1994: Mei Sletten Doarren (Huis Clos) – nei Jean Paul Sartre (in toanielstik)
  • [2000]: Inkelde Losse Oersettings fan Fersen fan Gysbert Japicx yn it Nijfrysk – nei Gysbert Japiks
  • 2003: Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk – nei Gysbert Japiks (mei oersettings yn modern Frysk fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema)
  • 2004: Jûnbea (Nachtrêst-bejerte aef Juwn-bede) – nei Gysbert Japiks (in gedicht)

Ut it Aldgryksk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2017: Pégasus. Blomlêzing út 'e Grykse poëzij - neffens The Penguin Book of Greek Verse

Ut it Aldingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Midingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Midnederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut it Midfrysk nei it Dútsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005: Heil Du, Freude Aller Welt – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
  • [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)

Ut it Midfrysk nei it Frânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005: Joie du Monde et Grandeu – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
  • [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)

Ut it Midfrysk nei it Ingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2003: On Vocal Music – nei Op 't Musyck-sjongen fan Gysbert Japiks (in gedicht)
  • 2005: Welcome, All the World's Delight – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
  • [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)

Ut it Midfrysk nei it Latyn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1974: Nocturna Requietis Votum sive Oratio Vespertina – nei Nachtrêst-Bejerte, aef Juwn-bede, fan Gysbert Japiks (in gedicht)
  • [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)

Ut it Midfrysk nei it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005: Welkom, 's Werelds Hoogste Licht – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)

Ut it Frysk nei it Dútsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • [19??]: Die Ballade von Hil Feikes, Wiedertäuferin – nei De Ballade fan Hil Feikes, Anabaptiste, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
  • [19??]: Die Ballade von das Fräulein von Stavoren – nei De Ballade fan de Frouwe fan Starum, fan Douwe Tamminga (in gedicht; ûnfolslein by Tresoar)
  • [19??]: Batthyánys Tod – nei Batthyany's Dea, fan Eeltsje Hiddes Halbertsma (in gedicht)
  • 2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske lieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)

Ut it Frysk nei it Ingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • [19??]: The Ballad of Hil Feikes, Anabaptist – nei De Ballade fan Hil Feikes, Anabaptiste, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
  • [19??]: The Ballad of the Lady of Stavoren – nei De Ballade fan de Frouwe fan Starum, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
  • [19??]: In Memoriam – nei In Memoriam, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
  • [19??]: Of the Four Elements – nei Fan de Fjouwer Eleminten, fan Obe Postma (in gedicht)
  • 2001: A Pilgrimage through Time: More Than Two Thousand Years of Fryslân – nei In Pylgerreis troch de Tiid: Mear as Twatûzen Jier Fryslân, fan Kerst Huisman (in skiedkundige tekst)
  • 2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske .ieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)

Ut it Frysk nei it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske .ieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)

Ut it Frysk nei it Spaansk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1986: Buenos Aires – nei Buenos Aires, fan Dirk Kerst Koopmans (in gedicht)
  • 1986: Carta de Don Juan – nei Brief fan Don Juan, fan Sjoerd Spanninga (in gedicht)
  • 1986: Si Tras la Palabra – nei oarspronklike titel?, fan Sjoerd Spanninga (in gedicht)
  • 1987: Encanto – nei Betsjoening, fan Tsjits Peanstra (in gedicht)
  • 1987: Agua – nei Wetter, fan Tsjits Peanstra (in gedicht)
  • 1987: Acuerdo – nei Akkoart, fan Jelle Bangma (in gedicht)
  • 1989: Conservación del Monumento – nei Natuermonumint, fan Theun de Vries (in gedicht)
  • 1999: fjouwer fersen – nei 4 fersen fan Ella Wassenaer (4 gedichten)
  • 19??: El Dia del Poeta – nei De Dei fan de Dichter, fan Baukje Wytsma (in gedicht)
  • 19??: Paisaje – nei Lânskip, fan Baukje Wytsma (in gedicht)
  • [19??]: de Fryske gedichten neffens de earste beide ôfdielings fan Country Fair: Poems from Friesland Since 1945, in blomlêzing en Ingelske oersetting fan Rod Jellema
  • 2001: Dulciamargo – nei Bitterswiet, fan Tiny Mulder (in gedicht)

Ut it Nederlânsk nei it Dútsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005: titel oersetting? – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)

Ut it Nederlânsk nei it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005: Oade oan de Prinsetún – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)

Ut it Nederlânsk nei it Ingelsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1996: Lowlands' Tree of Life – nei Levensboom der Lage Landen, fan Binne Lútsen Boarnstra (in gedicht)
  • 2005: titel oersetting? – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)

Oarspronklike poëzij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn wurk as oersetter is Bruinsma ek aktyf as dichter fan oarspronklike poëzij yn it Frysk, almeast fan religieus aard of yn 'e foarm fan gelegenheidsfersen, dat er troch de jierren hinne stikje by bytsje yn in ferskaat oan kranten en tydskriften publisearre hat. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is. (N.B.: it is net alhiel ûnmooglik dat hjir noch ferdwaalde oersettings tusken sitte; de boarne, it digitale argyf fan Tresoar, is dêr net altyd like dúdlik oer.)

  • [1973]: Sjonkrêst-begeerte of Jûnbede fan de Lêste Fryske Tûntsjeman
  • 1974: Handel (yn: HJIR, ôfl. 2; selde jiers werprinte yn Maniferstatie)
  • 1974: Ut 'e Kronyk fan Jakkele Gabbema, Abt en Kaaiman fan it Kleaster te Swetsum (yn: HJIR, ôfl. 2)
  • 1975: In Grutte Parade en in Lyts Garnizoen, of De Lytse Ballade fan de Lauwersmar (ûnder pseudonym Ultsje Wapper; yn: Frysk en Frij, 8 febr.)
  • 1975: It Fûgelparlemint (ûnder it pseudonym Ultsje Wapper; yn: Frysk en Frij, 1 mrt.)
  • 1975: Yn Den Haach Sei in Théatraal Mûske (ûnder it pseudonym Ultsje Wapper; yn: Frysk en Frij, 29 mrt.)
  • 1975: De Ballade fan Hear Idsq (yn: Frysk en Frij, 12 july)
  • 1975: De Dealske Frijer (yn: Frysk en Frij, 23 aug.)
  • 1975: Twa Susters (yn: Frysk en Frij, 6 sept.)
  • 1975: De Fammewelle (yn: Frysk en Frij, 13 sept.)
  • 1975: De Falske Frijer (ûnder pseudonym Inne Visser; yn: Frysk en Frij, 4 okt.)
  • 1975: De Jonge Aldman (ûnder pseudonym Inne Visser; yn: Frysk en Frij, 25 okt.)
  • 1975: Lazarus (yn: Alternatyf, ôfl. 6-7)
  • 1976: Klips-rymkes (yn: HJIR, ôfl. 5-6)
  • 1977: It Doarp Joech Syn Profeet Gâns op Syn Brea (yn: Fryske Skriuwerskalinder)
  • 1976: Sonnet nei Heechliet 5:2-7 (yn: Sonde, ôfl. 21; yn 1977 werprinte yn HJIR)
  • 1976: Finger-print (yn: Fryske Skriuwerskalinder)
  • [1977]: Trije Lieten ta Peaske
  • 1977: Dokter Snijsum en Patiënt De Vries (yn: de Ljouwerter Krante, 19 jann.)
  • 1977: Sniejacht (yn: Frysk en Frij, 29 jann.)
  • 1977: See fan Leafde (yn: HJIR, ôfl. 2-3)
  • 1977: Oan de Alderhillichste Faam Marije (yn: HJIR, ôfl. 2-3)
  • 1977: De Nacht (yn: HJIR, ôfl. 5-6)
  • 1977: It Ritme (yn: HJIR, ôfl. 5-6)
  • 1977: Anatomyske Les of Operaasje Weryndieling (yn: de Balkster Krante, 19 jann.; ien dei letter werprinte yn 'e Jouster Krante)
  • 1978: De Lêste Reis, Foargoed (yn: HJIR, juny)
  • 1978: Hjerst (yn: HJIR, nov.)
  • 1978: Wengenot (yn: Fryske Skriuwerskalinder)
  • 1978: Bernespul (yn: Fryske Skriuwerskalinder, wike 11)
  • 1979: Jitris en Ienris (yn: Friesland Dichters Vandaag; yn 1982 werprinte yn HJIR)
  • 1979: Oan in Sjongster (yn: HJIR, okt.)
  • 1980: De Komst (yn: HJIR, des.)
  • 1982: Carpe Diem (yn: HJIR, febr.)
  • 1982: Psalm 7:9-22 (in psalmberiming; yn: HJIR, ôfl. 3)
  • 1982: Geweld'ge Weagen (yn: HJIR, okt.)
  • 1982: Ik Wit Net (yn: HJIR, okt.)
  • 1982: Untwyk (yn: HJIR, okt.)
  • 1982: Skouwe Fûgels (frij nei De Stille Plantage fan Albert Helman; yn: Sneed, winternû.; yn 1983 werprinte yn HJIR)
    • Dútske oersetting: Scheue Vögel (fert. Klaas Bruinsma, 1998)
  • 1982: De Ferlosten (yn: Sneed, winternû.)
  • 1983: Dea Omfierrens (yn: HJIR, ôfl. 1)
  • 1983: It Tiidsferrin (yn: HJIR, ôfl. 1)
  • 1984: Hommels (yn: HJIR, ôfl. 2)
  • 1984: Al Waard yn Dit Jier... (yn: Fryske Skriuwerskalinder, wike 51.)
  • 1986: Oade Us Reginten (yn: De Frijbûtser, nû. 208)
  • 1987: In Jongfaam út it Doarp Kompenije
  • 1987: It Liet fan Ingel-lân (yn: de Ljouwerter Krante, 25 july)
  • 1987: In Draakfleander Wenjend yn Riis (yn: De Frijbûtser, nû. 215)
  • 1988: Pêgasus (yn: HJIR, ôfl. 2; yn 1996 werprinte yn De Blauwe Fedde)
  • 1991: Friezetsjerke (yn: Hervormd Franeker, 19 jann.; yn juny werprinte yn De Stim fan Fryslân)
  • 1991: Slimmerik (yn: De Frijbûtser, apr.)
  • 1992: Oade oan Herman Gorter (oade oan Herman Gorter; yn: it Snitser Nijsblêd, 12 maaie; 2 dagen letter werprinte yn de Balkster Krante.)
  • 1993: Namdicht Gysbert Japiks (op 'e útnûging foar de offisjele iepening fan 'e tekstwinkel te Boalsert, 15 apr.)
  • 1993: Oarsprong (yn: HJIR, des.)
  • [1994]: Op de Flesse Damaine Nôtre Dame des Viseilles
  • 1995: Ut 'e Romte Tarre (resepten fan Lou Velleman y.g.m. Mies Delgorge, mei fersen en Fryske tekst fan Klaas Bruinsma)
  • 1996: De Smelle Wei (yn: Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam, winter 1996-'97)
  • 1997: Fryslân 2000 Jier (yn: De Fleanende Krie, maaie.; werprinte yn itselde blêd yn 2009)
  • 1997: By it Sjen fan de Lange Anna (oer de Lange Anna, by Hilgelân; yn: De Fleanende Krie, sept.)
    • Dútske oersetting: Beim Sehen der Lange Anna (fert. Klaas Bruinsma, 1997)
  • 1998: Earnewâld (yn: De Fleanende Krie, febr.)
  • 1998: Oade oan Doede (oade oan Doede Lanting; yn: De Fleanende Krie, sept.)
  • 1999: Wyn, Fjoer en Wetter (in pinksterliet nei 1 Keningen 18; yn: De Fleanende Krie, febr.)
  • 1999: Quatrebras Myn Waterloo (ta gelegenheid fan 'e iepen dei fan it FLMD, 13 nov.; ôfprinte op 'e nije folder fan it FLMD)
  • 19??: De Brân fan Aldehoarne, of: De Ballade fan Ysbrand Stoker (nije Fryske tekst op in tradisjonele Skotske wize; yn: Tsjoch, nû. 4)
  • [19??]: 2 limmeriks
  • 19??: It Fizioen fan de Ferlosten
  • [19??]: It Hart yn it Wâld
  • [19??]: Samling Fersen fan K. Bruinsma Opdroegen of Jûn oan Dr. L. Hornstra
  • 2002: Godmorgen, Lille Land: Oade oan Denemarken (yn: De Fleanende Krie, febr.)
  • 2002: Ad Majorem Gloriam Dei (yn: S.o.W. Kerkblad Franeker, 25 okt.)
  • 2003: Ta de Mienskip fan Himmelum (yn: De Fleanende Krie, febr.)
  • 2003: In Lietsje foar Sint Marten (yn: it Nijsblêd fan Noard-East Fryslân, 10 nov.; yn 2007 werprinte yn 'e Kollumer Krante en yn Lyts Frisia)
  • 2004: Veni, Spiritus Vitae: Kom, Geast fan it Libben (losse printinge ta gelegenheid fan 'e oanbieding fan it boek Alles Begint bij de Dingen fan Theun de Vries)
  • 2005: In Lyts Epos foar Simy Sevenster: 't Klinget op it Antike (losse printinge ta gelegenheid fan 'e presintaasje fan it boek Ut de Foarein fan Simy Sevenster)
  • 2006: Helgolân (yn: Monatzeitung für die Insel Helgoland)
  • 2007: Forel, Reager, Kat en Knyn (y.g.m. Hans van den Bosch; in parody op Die Forelle – frij nei Franz Schubert; yn: de Ljouwerter Krante, 23 nov.)
  • 2008: As Ik in Blom Wie... (yn: Lyts Frisia, sept.)
  • 2009: Portret fan Beetstersweach (yn: De Fleanende Krie, sept.)
  • 2009: Oade oan Hindrik van der Meer FPBC (losse printinge)
  • 2018: Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma (Elikser)

Fierdersoan is Bruinsma ek de auteur fan in ferskaat oan non-fiksjestikken, wêrmei't er gauris by wize fan ynlieding syn ljocht skine lit oer de teksten dy't er oerset hat. Mar ek hat er wol opinystikken, resinsjes en artikels skreaun foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de regionale hûs-oan-hûsblêden en Frysktalige tydskriften. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is.

  • 1952: Yn Ienriedigens Skouder oan Skouder (essay; yn: De Stiennen Man, ôfl. 15)
  • 1952: De Jouwer en Den Haach (opinystik; yn: De Stiennen Man, ôfl. 31)
  • 1954: Om de Knikkers en Om de Knikkers II (skôging; yn: De Stiennen Man, ôfl. 12 en 13)
  • 1954: Ut it Doarp fan Tsjibbe Gearts (skôging; yn: De Stiennen Man, ôfl. 32)
  • 1954: Redbad (skôging; yn: it Frysk Studinte Almenak)
  • 1958: Bases, Polityk, Tsjerke – en wy? (opinystik; yn: de 'Ljouwerter Krante')[4]
  • [1975]: Tsjerk Ages, 1568: historysk drama yn saun tafrielen (bedoeld is: sân bedriuwen) troch Lu Tsen (skriuwersnamme fan Dr. Lútsen Harmens Wagenaar) (skripsje NHL)
  • 1977: It twade Frysk sjongfestival to Easterein (yn: HJIR, ôfl. 1, s. 28-30)
  • 1977: Fjouwer Spaanske Leafdeslieten (skôging; yn: HJIR, ôfl. 2-3)
  • 1977: Liet fan de Libb'ne Flam Minne (skôging; yn: HJIR, ôfl. 2-3)
  • 1978: It Probleem fan "Alde Jirden" en fan "Skat" (yn: Frysk en Frij, 22 apr.)
  • 1986: Ynlieding ta "De Dream fan it Krús" (yn: HJIR, ôfl. 3)
  • 1986: Ynlieding ta "De Seeman" (yn: HJIR, ôfl. 4)
  • 1987: Ynlieding ta "De Balling" ("The Wanderer") (yn: HJIR, ôfl. 1)
  • 1988: Friezen yn 't Spier foar Kening Alfred (yn: Frysk en Frij, 13 febr.)
  • 1995: Ut 'e Romte Tarre (resepten fan Lou Velleman y.g.m. Mies Delgorge, mei fersen en Fryske tekst fan Klaas Bruinsma)
  • 1996: De Opstalbeam: Troch de Iuwen Hinne Warskôging en Needrop (taspraak holden by de Opstalbeam te Auwerk op himelfeartsdei 1996; yn: De Fleanende Krie, sept.; yn 1997 werprinte yn Lyts Frisia)
  • 1996: Ynlieding ta it Ofskie fan Hektor en Andrómakhé (yn: Trotwaer, okt.)
  • 1998: In Namme Seit Mear (betsjuttings fan in stikmannich Fryske jonges- en famkesnammen; boekje fan 48 siden, ISBN 9 08 04 31 818; earder ferskynd yn ôfsûnderlike artikeltsjes op 'e F-side yn it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante)
  • 2001: Ynlieding ta Vergilius (yn: Kistwurk, maaie)
  • 2003: In Libben foar de Friezen en it Frysk (in memoriam foar Alfred Boysen (1915-2003); yn: Lyts Frisia, juny)
  • 2003: Us Grutte Foarsjonger Gysbert Japix: Dichter en Skriuwer Berne yn 1603, Betocht yn 2003 (ynlieding op titelside fan: Einkonsert fan it Gysbert Japixbetinkingsjier, 1603-2003: Lit Us Nochris Swiet Muzykje, 16 nov.)
  • 2004: Fersen fan Obe Kinne No oer de Globe: Ingelsktalige Blomlêzing Postma Frysk Salút oan de Wrâld (besprek fan What the Poet Must Know, in Ingelsktalige blomlêzing fan 'e fersen fan Obe Postma troch Anthony Paul mei in ynlieding troch Jabik Veenbaas; yn: it Frysk Deiblêd, 7 july)
  • 2012: De striid tusken Froasken en Mûzen: Audioboek (audioboek, foarlêzen troch Klaas Bruinsma)
Jier Priis Kategory Foar
1993 dr. Obe Postmapriis bêste oersetting Sofoklês: Trije Trageedzjes (Filoktêtês / Kening Oidipoes / Oidipoes yn Kolonos)
1993 Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat n.f.t. fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal
2005 dr. Obe Postmapriis bêste oersetting oersettings fan it Midfrysk nei modern Frysk yn it tinkboek fan Gysbert Japix (Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk)
oersetting út it Latyn nei it Frysk fan Lânwurk fan Fergilius
oersetting út it Aldgryksk nei it Frysk fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros
2007 Sulveren Anjer n.f.t. ynset foar de Fryske taal en kultuer

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Stjerberjocht fan Klaas Bruinsma, yn: de Ljouwerter Krante, 31 oktober 2018, s. 44.
  2. Vries, Sietse de, Lêzen wurdt foar de happy few, yn: de Ljouwerter Krante, 6 july 2018, bylage Freed, s. 8-9.
  3. 3,0 3,1 Vries, Sietse de, In Memoriam: In serieuze taal kin net sûnder eigen Homêros, yn: de Ljouwerter Krante, 31 oktober 2018, s. 34.
  4. LC 29 jann. 1958