Springe nei ynhâld

De Ule en de Nachtegeal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan The Owl and the Nightingale)
De Ule en de Nachtegeal
algemiene gegevens
oarspr. titel The Owl and the Nightingale
auteur Nikolaas fan Guildford (?)
taal Midingelsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
skreaun ±1275-1300
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Ule en de Nachtegeal
publikaasje 19??
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma

De Ule en de Nachtegeal, yn it oarspronklike Midingelsk: The Owl and the Nightingale, is in lang Midsiuwsk gedicht fan 1794 fersregels, dat ornaris taskreaun wurdt oan 'e dichter Nikolaas fan Guildford. It gedicht behannelet in diskusje tusken in ûle en in nachtegeal oer de fraach oft it better is om fleurich of drôf te wêzen. It is opmerklik om't it ien fan 'e net folle foarkommende Midsiuwske gedichten is dy't net, of alteast net iepentlik, oer godstsjinst geane (hoewol't men wol hawwe wol dat it in allegory is oer de tsjinstelling tusken askeze en in mear freugdefolle belibbing fan it leauwe). Tradisjoneel waard it datearre yn 'e perioade fan 1189 oant 1216, fanwegen de ferwizing yn 'e tekst nei in koartlyn ferstoarne kening, Hindrik II, dy't stoar yn 1189. Modern ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it folle wierskynliker is dat ynstee Hindrik III bedoeld waard. Mei't dy't stoar yn 1272, is it gedicht dêrmei nei alle gedachten hast in iuw jonger as dat foarhinne tocht waard. De Ule en de Nachtegeal waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Oerlevering en auteurskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ule en de Nachtegeal is oerlevere yn twa manuskripten, wêrfan't it iene (BL MS Cotton Caligula A.IX) yn it besit is fan it Britsk Museum te Londen, wylst it oare (Jesus College MS 29) op 'e noed is fan it Jesus College fan 'e Universiteit fan Oxford. Beide hânskriften datearje út 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw.

As skriuwer wurdt tradisjoneel Nikolaas fan Guildford neamd, dy't inkeld út 'e tekst fan it gedicht bekend is. Dêrby moat opmurken wurde dat guon saakkundigen fan tinken binne dat dizze Nikolaas fan Guildford nea bestien hat, mar optocht is troch de wiere, anonime skriuwer. Yn dy hoedanichheid binne ferskate tsjerklike persoanen neamd, wêrûnder in benediktynske non út 'e Abdij fan Shaftesbury. It religieuze gedicht La Passyun Jhu Christ, dat yn Jesus College MS 29 oan De Ule en de Nachtegeal foarôfgiet, hat in oantekening dy't hawwe wol dat it oarspronklik in ekstra kwatryn omfette, wêryn't ymplisearre waard dat dat gedicht skreaun wie troch in Jan fan Guildford, dy't mooglik famylje fan Nikolaas west hawwe kinne soe.

De doarpstsjerke fan Portesham, yn Dorset.

In nachtegeal dy't op in bluossemjende tûke sit, sjocht in ûle op in tûke sitten dy't oerwoekere is mei klimmerblêd, en begjint him te beskrobjen om syn hâlden en dragen en om hoe't er derút sjocht. De ûle ferdigenet himsels en giet mei de nachtegeal yn diskusje. Sa hâldt er út dat syn drôvige rop foechsumer is as it sjongen fan 'e nachtegeal, mei't men jin better tariede kin op 'e takomst mei skriemen om jins sûnden. De nachtegeal, lykwols, fynt dat syn sjongen better is, mei't de himel in plak fan gesang en fleurigens heart te wêzen. De ûle beriddenearret syn arguminten better, mar de nachtegeal beskikt oer sa'n font oan skelwurden en beskimpings dat de beide fûgels oaninoar weage binne.

Uteinlik, as de ûnienichheid op slaanderij driget út te rinnen, komt in tomke tuskenbeiden. Op syn oanrieden beslute de beide fûgels om harren skeel foar te lizzen oan master Nikolaas fan Guildford, dy't bekenstiet om syn wize oardielen en dy't withoefolle ferstannige wurden skriuwt. It tomke, dat master Nikolaas ta syn freonen rekkenet, heakket dêr noch oan ta dat al spitich is dat de biskop him net mear oan sa'n man gelegen lizze lit. Dat se sette nei Nikolaas syn hûs ta, yn Portesham, yn it greefskip Dorset, en dêrmei einiget it gedicht.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Owl and the Nightingale waard ûnder de titel De Ule en de Nachtegeal yn it Frysk oerset troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't fral bekend is troch syn Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Yn it digitale argyf fan Tresoar is De Ule en de Nachtegeal werom te finen ûnder oanfraachnû. 087.183. Der wurdt net by fermeld út hokker jier oft de oersetting datearret (behalven dat er út 'e tweintichste iuw stammet), mar wol stiet der by dat er út 29 siden bestiet en dat Bruinsma him makke hat op basis fan 'e tekstedysje fan The Owl and the Nightingale fan E.G. Stanley. Ynsafier't men út it argyf fan Tresoar opmeitsje kin, is dizze fertaling nea publisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nikolaas fan Guildford, De Ule en de Nachtegeal (oers. Klaas Bruinsma), sûnder jier, Tresoar oanfraachnû. 087.183.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Editions and translations en Further Reading, op dizze side.