Portesham
Portesham | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip | Dorset | |
Distrikt | West-Dorset | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 685 (2011) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+0 |
Portesham is in plak en civil parish yn it distrikt West-Dorset, yn it Ingelske greefskip Dorset. It leit sa'n 10 noardwest fan Weymouth, 10 km súdwestlik fan it haadplak Dorchester en 2 km benoardeasten de saneamde Jurassic Coast (Wrâlderfgoed) oan Chesil Beach. It karspel frijwat grut, mei ferskate bûten doarpkes, buorskippen en eartydske bûtenpleatsen (manors). By de folkstelling fan 2011 wennen dêr 685 minsken, ferdield oer 316 húshâlings en stiene der 342 wenten.
De tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Pitertsjerke docht mei oan it Living Churchyard Project fan de Dorset Wildlife Trust, dy't it tsjerkhôf beheard fanwege syn floara en fauna. In part fan it gers wurdt net meand om wylde blommen in bettere kâns te jaan; mear as 70 ferskillende soarten binne identifisearre. By in ûndersyk yn 1994 waarden goed 50 soarten koarstmoassen (Lichenen) fûn.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Portesham fan Wikimedia Commons. |