Jouster Krante

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Jouster Krante (Ned: Jouster Courant) is in hûs-oan-hûsblêd foar De Jouwer en De Lemmer en omkriten. De krante wurdt útjûn troch de NDC Mediagroep. De krante ferskynt op woansdei yn in oplage fan 18.500.

It earste nûmer fan de Jouster Krante ferskynde op 29 novimber 1872 ûnder de namme "Weekbericht voor de Joure en Omstreken" en waard útjûn troch de drukker en boekhanneler W. Houtsma. Yn 1875 waard de namme feroare yn "Advertentieblad voor Joure en Omstreken". Houtsma ferkocht yn 1888 syn drukkerij oan S.I. Glasz, dy't koart dêrnei ferstoar. De belangen fan drukkerij en krante waarden dêrnei oernomd troch syn suster, Jacoba Glasz, mei meiwurking benammen fan grutfeint A. Muurling. Nei it ferstjerren fan Jacoba Glasz, yn 1899, waarden A. Muurling en D.T. de Vries de nije eigeners fan de drukkerij. De namme fan it wyk- en streekblêd waarden fannijs feroare, no yn "Jouster Courant". Yn maaie 1920 trede de Muurling út de firma en trije jier letter waard De Vries it iens mei Swart, dy't wyls ek in drukkerij op De Jouwer hie.[1] Yn 1923 giene de drukkerijen fan de firma De Vries en Muurling en fan Jan Swart op yn Vereenigde Jouster Drukkerijen (VJD). De nije drukkerij naam ek de eksploitaasje fan it wykblêd "Jouster Courant" oer. De krante hie op dat stuit al fyftich jiergongen efter de rêch. Oant 2015 ferskynden trije siden mei gemeentenijs. It lettertype fan de krante is 'swift regular'.[2] Letter waard de Jouster krante yn Emmeloord makke by drukkerij en útjouwerij Hoekstra en waard de krante eigendom fan 'Boom uitgevers Nieuwsmedia' (BuN) yn Meppel. Nei de oername fan útjouwerij Boom troch de NDC waard de Jouster Krante yn 2017 eigendom fan de NDC Mediagroep.[3]

De Jouster Krante kin op papier én digitaal ynsjoen wurde yn Museum De Jouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: