NDC Mediagroep

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De NDC Mediagroep (NDC stiet foar Noordelijke Dagblad Combinatie, Frysk: Noardlike Deiblêd Kombinaasje) is in bedriuw, oprjochte yn 2007, dat him taleit op it útjaan fan regionale en lokale kranten. Dêrneist hâld it bedriuw him dwaande mei evenemintenorganisaasjes en nijsargyvearring. Der binne twa haadfêstigings, yn Ljouwert en Grins.

De NDC Mediagroep is ûnder oare de útjouwer fan de noardlike deiblêden de Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NDC Mediagroep is ûntstien troch it yn elkoar opgean fan de Hazewinkel Pers en de Fryske Pers. Dizze bedriuwen wurken al sûnt 1990 gear ûnder de namme 'Noardlike Deiblêd Kombinaasje'. Yn 2005 waard it hiele oandielekaptaal fan de boekenútjouwer Veen Bosch en Keuning binnenhelle. Dêrmei ûntstie yn 2006 VBK. Yn jier letter binne de nammen Hazewinkel Pers en Fryske Pers ferdwûn en is de NDC Mediagroep ûntstien, dat op har beurt wer ûnderdiel útmakket fan NDC|VBK.

Warberens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De NDC bestiet út in stik as wat bedriuwen. Dizze bedriuwen hâlde har ek dwaande mei media. Foarbylden fan dizze bedriuwen binne:

Neist de Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden jouwe de NDC en har bedriuwen noch tsientallen tydskriften en wykblêden út. Foarbylden hjirfân binne:

Neist de skriftlike warberens ûnderhaldt de NDC Mediagroep ek websiden en wol it har noch mear talizze op ynteraktive mêd fan it media-barren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: