Waterstad FM
Waterstad FM | |
---|---|
medium | radio |
nasjonaliteit | Nederlânsk |
taal | Nederlânsk |
oprjochte | 2000 |
haadkertier | Snits (Nederlân) |
ûntfangstgeb. | Fryslân, de Noardeastpolder |
eigner | Beheer Regionale Radio |
webside | www.waterstadfm.nl |
Waterstad FM is in regionale Nederlânske kommersjele radiostjoerder, oprjochte yn 2000. Waterstad FM ûntlient syn namme oan de "Wetterstêd" dêr't de stjoerder foar it earst op de keabel te hearren wie, nammentlik Snits. Nei de frekwinsjefeiling yn 2003 is Waterstad FM yn Fryslân en yn de Noardeastpolder begûn mei útstjoeren. Waterstad FM wie fan 2007 oant 2013 eigendom fan de NDC Mediagroep. Dêrby makke it diel út fan it bedriuw NDC Radio B.V., dêr't ek RADIONL en Arrow Classic Rock Noord ta hearden. Mei't de NDC Mediagroep him talizze woe op syn aktiviteiten as útjouwerij fan ferskate deiblêden, wykblêden en ynternetwebsiden, waard Waterstad FM yn maaie 2013 ferkocht oan Beheer Regionale Radio, eksploitant fan TV Oranje.[1]
Format
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waterstad FM wie oant 2010 in non-stop muzyskstjoerder, mar sûnt septimber 2010 is it format oanpast en wurde der ek presintearre programma’s útstjoerd. It regionale nijs op Waterstad FM wurdt fersoarge yn gearwurking mei redaksjes fan de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|