Springe nei ynhâld

Sneeker Nieuwsblad

Ut Wikipedy
Sneeker Nieuwsblad

It Sneeker Nieuwsblad is de regionale hûs-oan-hûs krante foar Snits en de Súdwesthoeke.

It Sneeker Nieuwsblad hat har oarsprong yn 1846 en gie nei de oarloch gear mei it Drijfhout's Nieuwsblad. De redaksje fan it Sneeker Nieuwsblad sit yn it histoaryske pân Brandenburgh oan it Lytssân yn de binnenstêd fan Snits. De krante sels is in útjefte fan Hoekstra Utjouwerij, dy't ûnderdiel is fan de NDC Mediagroep.

It Sneeker Nieuwsblad hat in oplage fan 27.000 eksimplaren. Oant yn 2011 kaam de krante op moandei as abonnemintskrante en op tongersdei as fergese krante út. Sûnttids bestiet allinnich de tongersdeiedysje noch.

It Sneeker Nieuwsblad wurdt hûs-oan-hûs besoarge yn Abbegea, Aldegea (Súdwest-Fryslân), Blauhûs, Boazum, Dearsum, Drylts, Easterein, Easthim, Folsgeare, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Heech, Hinnaard, Hommerts, Idzegea, Yndyk, Itens, Jirnsum, Jutryp, Koufurderrige, Loaiïngea, Lytsewierrum, Nijlân, Offingawier, Poppenwier, Raerd, Reahûs, Rien, Sânfurd,Sibrandabuorren, Skearnegoutum, Snits, Tersoal, Turns, Toppenhuzen, Tsjalhuzum, Twellingea, Westhim, Wolsum, Wâldsein, Ypekolsgea en Ysbrechtum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: