Springe nei ynhâld

Binnenstêd (Snits)

Ut Wikipedy
Binnenstêd

De Binnenstêd, statistysk Snits binnen de grêften, is in histoaryske wyk binnen de stêd Snits. De wyk hie (yn 2008) 1020 ynwenners en hat in oerflak fan 28 hektare (wêrfan 1 hektare wetter).

Gâns de Binnenstêd is in beskerme stedsgesicht.

Lizzing en berikberheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk grinzet yn it noarden oan de wiken Noardeasthoek en Beammebuert, yn it noardeasten oan de Ljouwerterdyk, yn it súdeasten it Sperkhim, yn it suden oan de Lemmerwei-East, yn it súdwesten oan de Lemmerwei-West, en yn it westen oan de Stasjonsbuert en yn it westen oan de wyk Noarderhoek I.

De Prins Hindrikkaai en de Singel foarmje de wichtichste ferkearsieren fan de wyk.

De wyk wurdt begrinze troch de stedsgrêft en de Kolk.

Histoarje en bebouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Snits.
Snits anno 1652, de hjoeddeiske Binnenstêd.

De binnenstêd leit op in âlde lântonge oan de Ie. It is de âldste wyk fan Snits en foarmet it hert en de oarsprong fan de stêd. De bebouwing fan de binnenstêd konsintrearre him om de Martinytsjerke dy't op in terp stiet, oan ít súdein fan de sânrich. De earste stedsfoarming giet werom oant de 11e iuw.

Snits hat ferskate grutte stêdbrânen hân, mar de brân fan 1295 wie bysûnder om't yn de ferslachjouwing foar it earst skreaun waard oer "it stêdke Snits". Yn stêdbaarnen gong neffens lettere boarnen in part fan de stêdsdokuminten teloar, dat earst mei't Karel V ýn 1523 de stêd op 'e nij stêdsrjochten joech, koe Snits him offisjeel wer stêd neame. ^Dy stêdsrjochten waarden daalks brûkt om de stêdwâlen te fersterken mei in muorre. Sa waard wat no de Binnenstêd is in folslein ommuorre stêd, as ienige stêd yn Fryslân. Fan de wâlen binne noch in pear lytse stikken oer; fan de muorre is allinnich de Wetterpoarte oerbleaun.

Yn 1456 hie Snits in stêdboek oannaam, wat it begjin fan in bloeiperioade as hannelsstêd wie, dy't oant ± 1550 duorje soe en fan Snits in hannelsstêd meitsje soe. In protte gebouwen yn de Binnenstêd hâlde dy perioade yn it ûnthâld.

De binnenstêd bloeide yn de 17e en 18e iuw opnij op troch de goede ferbinings. De Súdwesthoeke oriïntearre him benammen op de stêd en toanoanjouwende keap-, en ambachtsllju bouden harren wen- en bedriuwsgebouwen oan de binnengrêften. De pânen út de 17e iuw binne faak werkenber oan harren topgevels, de gebouwen út de 18e iuw hawwe faak neo-klassistyske listgevels, mar sokke gevels wienen sa populêr dat ek âldere gebouwen yn dy 18de en 19de iuw faak sa'n nije gevel krigen. Letter yn de 19e iuw nom de eklektyske bouwstyl de oerhân, ûnder lieding fan arsjitekt Albert Breunissen Troost. Letter folgen gebouwen fan neogoatyske en neo-renêssânsestyl fan de hân fan Nicolaas Molenaar. In soad fan dizze gebouwen foarmje mei de Martinytsjerke en de stedsgrêften noch altiten it hjoeddeiske byld fan de Snitser binnenstêd.

Strjitnammeferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele bekende strjitten yn Sneek en in ferklearring fan harren strjitnamme binne:

StrjitnammeFerneaming
BaaihûsgrêftNei it dêr earder steande baaihûs
BolwurkNei oerbliuwsels fan de ferdigeningswurken fan de stêd
BotniakaaiNei Duko fan Botnia, yn de 17e iuw grytman fan Wymbritseradiel
Galigastrjitte en -promenadeNei it laach Galiga, dat in stins bewenne op de hoeke fan it Liuwenburch en de Galigastrjitte
GrutsânNei gedachten nei sân, om't de iggen gjin boude stienen kaaien wienen.
HarinxmakaaiNei bekend Snitser laach
LytssânNei it Sân, it wetter troch de stêd; it oarspronklike Sân waard Grutsân.
LiuwenburchNei de dêr steande eardere stins fan Louw Donia (famyljewapen Donia's is in reade liuw)
Rienck BockemakaaiNei Rienck Bockema, beliend mei it baluwskip fan Olde Waghenbrugghe (letter earder Wymbritseradiel)
SkarnestrjitteNei it âldfryske wurd scharn, dat ôfsluten hoeke betsjut
SupemerkNei ferkeaplokaasje fan sûpe (yn it Snitsersk Suupmerk nei it wurd suup; foarhinne Potsstrjitte en Finkenburch)
WaachpleinNei de waachgebouwen ferneatige troch de Dútsers op 15 april 1945 by de úttocht fan Dútske troepen

Winkelje en útgean

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In de wyk binne de grutte winkelstrjitten fan Snits, wêrûnder it Easterdyk, de Wide Burchstrjitte en it Skiepmerkplein. Ek it útgeanslibben is yn dizze wyk konsintrearre. Om de Merkstrjitte en Lytse Tsjerkestrjitte binne ferskate kafeekes en klups te finen

Weromkommende eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren wurde der yn de binnenstêd in soad eveneminten organisearre:

DatumEvenemintLokaasje
Elke freed yn julyToeristyske merkHiele binnenstêd
Elke tongersdei yn july en augustusMuzykterrasMerkstrjitte
Moannen july o/m septimberSnitser SimmerBinnenstêd en Boalserterpoarte
Freed foar de earste sneon yn augustusSnitswikeHiele binnenstêd en omlizzende wiken
Lêste sneon yn augustusSwinging SneekHiele binnenstêd en horeka

Gerjocht en polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Binnenstêd sit ek de bestjoerlike macht: it Stêdhûs en gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân. Oant it bejin fan de 21ste iuw stie oan de Merkstrjitte ek it Kantongerjocht.

Yn de begjinjierren fan de 21ste iuw is de Gemeente Snits begûn oan in werynrjochtingsprojekt foar de wyk. By dit project wurdt ûnder mear de riolearring, it strjitmeubilêr, de strjitferljochting en de strjitfluorring ferfongen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Grutte- of Martinustsjerke oan de Grutte Tsjerkestrjitte.

Sjoch ek: list fan ryksmonuminten yn Snits Yn de wyk steane ek in tal ryksmonuminten, wêrûnder:

Ek it besjen wurdich binne:

As foarsjennings sitte yn de wyk:

Yn de wyk binne ek in tal toeristyske foarsjennings, wêrûnder ôffeartplakken foar rûnfeartboaten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.

Plak fan útjefte: Snits.

  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek.

Plak fan útjefte: Amersfoort.


Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· · Berjocht bewurkje