Springe nei ynhâld

Langwarder Fearhûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Twintsk Bierhûs)
Twentsch Bierhuis

It Twentsch Bierhuis, foarhinne: Langwarder Fearhûs en Loazjemint, is de beneaming foar in pân op de hoeke fan it Heechein en Singel yn de binnenstêd fan Snits.

It pân, boud om 1619 hinne, waard fan 1756 - 1860 bewenne troch de famylje Brouwer. Nei de dea fan Ate Feyes Brouwer waard it te keap oanbean. By de ferkeap waard it omskreaun as "Het vanouds bekende Langweerder Veerhuis en Logement". It fearhûs siet yn it pân fan 1795 - 1861.

yn 1886 waard it gebou kocht troch Philippus Kuipers dy't hjir it "Depôt der Twentsche Bierbrouwerij Almelo" stifte, dat yn 1964 slute soe. Letter soe de soan fan Kuipers it pân oernimme, wêrnei't hjir letter ûnder mear de radio- en telefysjewinkel fan de famylje Plas yn komme soe.

Letter soe it pân omkomme, oant it yn 1974 kocht waard troch Stifting Ald Snits. De stifting liet it pân en neist steande hûs opknappe yn 1977.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Skipfeartmuseum: FSM001012176