De Lotten

Ut Wikipedy
De Lotten

De Lotten is in wyk fan de stêd Snits. Oandielen yn de mienskar, de mienskiplike greide, sa't dy jierliks ferhierd waarden, hieten eartiids Lotten.

Yn 1572 kaam de kommanderij St. Jansberg yn hannen fan de stêd Snits. Dat wie yn it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch en út eangst dat de Spaanske lânfâd Caspar de Robles him mei syn troepen yn it kleaster ferskânzje soe, liet it stedsbestjoer de kommanderij ôfbrekke. De stikken lân fan Sint Jansberch waarden ferhierd oan Snitser boargers, dy't der har fee op rinne lieten.

Dit ferlottingssysteem waard lykwols nei 1572 ynfierd. It gebiet De Lotten leit op grûn dy't hearde by de kommanderij (it kleaster) Sint Jansberch, dat yn 1282 troch de Johanniters stifte waard. Dat kleaster stie - fansels - op in terp, dy't op it plak lei dêr't no it algemiene begraafplak is. By de kommanderij hearde in korpus (greiden) dat troch de Johanniters brûkt waard foar it deistige ûnderhâld.

De kleasterlannen waarden troch de stêd beheard as wie it in mienskar, ofwol as hearde de grûn ta oan de Snitser mienskip. De mienskar omfette 63 kogongen te hea en te gers, plus noch in ekstra kogang te hea. Der koenen dus 63 kij op weidzje en der koe foar 64 kij hea wûn wurde. Trochdat alle jierren lotte waard krigen de stikken lân de namme De Lotten.

It hjoeddeiske gebiet De Lotten leit foar in diel op de lannen dy't ea ta de korpus fan de kommanderij Sint Jansberg hearden en dy't dus letter middels jierlikse ferlottings ferhierd waarden oan de Snitsers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dr. Herre Halbertsma, artikels yn it Snitser Nijsblêd (1994)
Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
wizigje