Yndustryterrein Houkesleat

Ut Wikipedy
Kaart fan Houkesleat.

Yndustryterrein Houkesleat is in yndustryterrein binnen de stêd Snits oan de Rykswei 7.

It terrein grinzet yn it westen oan de Rykswei 7 en it Boargemaster Rasterhoffpark. Yn it easten grinzet it yndustryterrein oan de Houkesleat en yn it suden oan Yndustryterrein It Ges en yn it noarden leit it Sperkhim. De strjitten yn de wyk binne meast ferneamd nei wittenskippoers en útfiners.

De wichtichste ferkearsier fan it yndustryterrein is de Stedsrûnwei, dy't it terrein fan west nei east trochkrúset. Ek de Tppenhústerwei en de Einsteinstrjitte binne drokke wegen yn de wyk. Op it yndustryterrein leit ek it Houkesleat Akwuadukt.

Histoarje en bebouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It yndustryterrein is ien fan de âldste 'moderne' yndustryterreinen fan de stêd. Op it park sitte ûnder mear ritsenfabrikant YKK, supermerkbedriuw Poiesz, de Noardlike Tank Opslach en oant foar koart ek Phillips. De earste bedriuwen fêstigen har hjir ein jierren sechtich.

De Houkesleat is útûntwikkele, wat ynhâldt dat der gjin romte mear is foar útwreiding.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Twa grutte ynstekhavens
  • Servicepunt foar boattoeristen
  • Gemeentewerf

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
wizigje