Springe nei ynhâld

Noarderhoek II

Ut Wikipedy
Noarderhoek II

De Noarderhoek II is in wenwyk binnen de stêd stêd Snits. De wyk telt (yyn 2008) 3190 ynwenners en hat in oerflakte fan 218 hektare (wêrfan 10 hektare wetter).

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk De Lotten, yn it easten oan de Noarderhoek I, yn it suden oan de Himdyk en yn it westen oan de wyk Harinxmalân.

De wyk wurdt diels begrinze troch de Worp Tjaardastrjitte en de Stedsrûnwei Noard, dy 't ek de wichtichste ferkearsieren foarmje. Yn it westen wurdt de wyyk begrinze troch de Frjentsjerter Feart.

Histoarje en bebouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste diel fan de bebouwing yn de wyk is boud yn de perioade tusken 1945 en 1975. De measte wenningen yn de wyk binne iengesinswenningen en flats. Yn de wyk steane 3 galerijflats fan mear as 8 wenlagen, de saneamde Furmerusflats, dêrneist steane der in soad portykflats mei maksimaal 4 wenlagen. It grutste diel fan de wyk bestiet út hierwenningen dy't beheard wurde troch Wenningstichting De Wieren.

Yn de wyk is de wykferiening Noarderhoek aktyf. De feriening beheart it wyksintrum Skuttersheuvel en bringt it wykblêd De Schuttersbode út.

Sportpark Noarderhoek wie oant 2006 it sportpark fan de wyk. It park en de byhearrende C. Kan hal waarden yn 2007 sloopt. Dit park is in dit jier ferfongen troch Sportsintrum Skuttersfjild, dat ten westen fan de Furmerusflats leit.

De strjitten yn de wyk binne meast ferneamd nei grutte Fryske kronykskriuwers en -dichters as:

Strjitnamme Ferneaming
Edo Jongamastrjite Edo Jongama (16e iuw), Skierings haadling en skriuwer fan Fryske kroaniken
Jancko Douwemastrjitte Jancko Douwama (1482-1533), Frysk politikus en skriuwer
Obe Postmastrjitte Obe Postma (1868-1963), Frysk dichter
Worp Tjaardastrjitte Worp fan Thabor (16e iuw), Frysk skriuwer fan kroniken

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.
  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek.

Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· · Berjocht bewurkje