Ljouwerterdyk (wyk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ljouwerterdyk

De Ljouwerterdyk, statistysk Omjouwing Ljouwerterdyk en bungalowpark, is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk hat (iyn 2008) 840 ynwenners en hat in oerflakte fan 43 hektare (wêrfan 5 hektare wetter).

Lizzing en berikberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Pasveer, yn it easten oan de De Domp, yn it suden oan de Binnenstêd en de It Eilân en yn it westen oan de Beammebuert.

De grutste ferkearsieren fan de wyk binne de Ljouwerterdyk (yn it westen) en de Griene Dyk (yn it noarden). Wetterwegen yn de wyk binne de Aldfeart, dy't de westlike grins foarmet en it Simmerrak, yn it suden grinsline.

Histoarje en bebouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In blik op de Ljouwerterdyk (2011).

De earste bebouwing fan dizze wyk wie oan it Simmerrak. Om 1860 wie de binnenstêd fol en waard hjir, krektas yn de Noardeasthoeke, bûten de stêdswâlen boud. Oan de Ljouwerterdyk folgen letter steatige huzen yn de riante styl fan Engelsman Ebenezer Howard. Yn dizze tiid waard ek it Sportpark Ljouwerterdyk oanlein.

Efter it Sportpark leit it Boargemaster de Hooppark, mei ûnder mear swimbad It Rak en it Joadske begraafplak. Ten noarden fan it park is yn de jierren 70 in grutte bungalowwyk boud.

Strjitnammeferklearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitten yn it suden fan de wyk binne ferneamd nei skipsûnderdielen. Yn it noarden binne de strjitten ferneamd nei it Wiarda (laach).

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.

Plak fan útjefte: Snits.

  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek.

Plak fan útjefte: Amersfoort.