Sportpark Ljouwerterdyk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sportpark Ljouwerterdyk

Sportpark Ljouwerterdyk (boujier 1928) is in sportpark yn it noarden fan de stêd Snits is ien fan de ryksmonuminten yn de gemeente Snits.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sportkompleks waard ûntwurpen troch de Snitser gemeentearsjitekt Jan de Kok. Yn 1928 waard it offisjeel yn gebrûk nomd. It sportpark is ferneamd nei de njonken de trochgeande wei rjochting Ljouwert lizzende Ljouwerterdyk. De grûn foar it nije sportpark waard destiids beskikber steld troch it Old Burger Weeshûs út Snits. Dizze organisaasje finansiere ek de bou fan de kantine, klaaikeamers, direksjekeamer, tribune ensafuorthinne. De gebouwen binne allegear boud nei de Amsterdamske Skoalle. De tribune fan it sportpark oan de Ljouwerterdyk is yn 1999 foar sa'n oardel miljoen gûne restaurearre en waard op 14 septimber 1999 oanwiisd as ryksmonumint. It tribunegebou is sterk kubistysk fan foarm, neffens kenners unyk binnen de Amsterdamske Skoalle.

LSC 1890[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de begjinjierren fan it sportpark brûkt fuotbalferiening LSC 1890 de fjilden. Oarspronklik brûkte de feriening, in fúzjeklub fan de ferienings Lycurgus en Sparta, it fuotbalfjild op de hjoeddeiske Feemerk. Dit moast lykwols wike foar de feehandel en yn 1928 waard der ferhuze nei it Sportpark Ljouwerterdyk.