Boargemaster De Hooppark
It Boargemaster De Hooppark is in natoerpark mei hartekamp fan ien hektare grut [1] yn de stêd Snits.
Ten noarden wurdt it park begrinze troch de Ljouwerterdyk, ten easten troch de Sytsingawiersterleane, ten suden troch de Aldfeart en ten easten troch Sportpark Ljouwerterdyk. It park is neamd nei Petrus Jacobus de Hoop, eardere boargemaster fan Snits.
Yn it park binne in hartekamp, kuierpaden, it swimbad It Rak en oangrinzjend lizze ferskate jachthavens. Dêr't it noardlike diel fan it park mar bestiet út in langhalich kuierpaad, bestiet it diel om it swimbad út in mear beboske diel.
Joadsk Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it noardeasten fan it park, ter hichte fan de Boargemaster de Hoopstrjitte, stiet ien fan de Joadske monuminten fan de stêd Snits. It monumint hat as efterlizzende gedachte in betinkingsplak te bieden foar alle oait yn Snits wenjende joaden. Njonken it monumint is in Joadske begraafplak.
Iepenstelling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It park is frij tagonklik. It monumint is frij tagonklik, it Joadske begraafplak lykwols net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|