Springe nei ynhâld

Joadske begraafplakken (Snits)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Joadske begraafplak (Snits))
Monumint njonken it begraafplak

De Joadske begraafplakken yn Snits binne twa begraafplakken dêr't foarhinne de leden fan 'e Joadske mienskip fan Snits begroeven waarden.

Alde Joadske begraafplak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âlde Joadske Begraafplak stammet út 1820 en leit yn it Boargemaster de Hooppark yn de wyk Ljouwerterdyk yn Snits.

Op it begraafplak binne 96 grêfstiennen bewarre bleaun, de âldste komt út 1823.

It gehiel waard oankocht en oanlein op de terp Barrewier ± 1820. Yn 1890 waard it begraafplak útwreide yn de rjochting fan de binnenstêd. De yngong fan it begraafplak wie oant 1951 oan in lang paad rjochting de Ljouwerterdyk. De gemeente Snits nom yn dat jier it paad oer yn ruil foar ivich duorjend ûnderhâld fan it begraafplak en de grêven. Tsjintwurdich stiet de yngong yn it park.

Neist de yngong fan it begraafplak is yn 2011 in monumint as neitins oan de Joadske mienskip fan Snits setten.

Nije Joadske begraafplak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek op it Algemiene Begraafplak fan Snits is in Joadsk gedielte. Fan 1897–1903 wie op dit begraafplak in ôfskieden Joadsk Begraafplak. Op oanstean fan opperrabbyn Samuel Azarja Rudelsheim fan Ljouwert is de ôfskieding wer ûngedien makke. Der binne 7 grêfstienen bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Website JHM - Snits
  • Michman, J., Beem, H. en Michman, D. (1992), Pinkas: geschiedenis van de joodse gemeenschap in Nederland, Antwerpen/Amsterdam: Utjouwerij Contact. ISBN 90-254-9513-3.