Samuel Azarja Rudelsheim
Samuel Azarja Rudelsheim (Leeds, 19 juny 1869 - Ljouwert, 13 novimber 1918) wie fan 1900 oant 1918 opperrabbyn fan it ressort Fryslân.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rudelsheim waard berne yn Leeds, Ingelân en wie foar't er nei Ljouwert kaam learaar oan in Talmoed-Toraskoalle. Op 1 july 1900 wurdt er opperrabbyn fan Fryslân.
Rudelsheim wie tsjinstanner fan kristlike sinding ûnder joaden en skreau dêr artikelen oer. Hy krewearre foar de fersprieding fan de joadske kultuer; wie bestjoerder fan de feriening 'Berieth Koudesj' en oprjochter fan de 'Centrale Organisatie' dy't ûnder oaren stichter fan de Joadske Hegere Boargerskoalle west hat.
Rudelsheim stoar yn 1918 oan de gefolgen fan de Spaanske gryp.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1918 waard de nei him neamde S.A. Rudelsheimstichting oprjochte, dêr't de fersoarging fan swaksinnige joadske bern yn Nederlân it doel fan wie. It gebou fan de Rudelsheimstichting yn Hilfertsom hjitte Beth Azarja.
Rudisheim hat teffens gadingmakker foar it opperrabbinaat fan Londen west.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Onze feestdagen (1914)
- De oorlog en het jodendom (1918).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Ingelsk rabbyn
- Nederlânsk opperrabbyn
- Frysk rabbyn
- Persoan dy't stoarn is oan de Spaanske gryp
- Ingelsk persoan fan Joadsk komôf
- Frysk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Ingelsk-Joadsk komôf
- Persoan stoarn yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1869
- Persoan stoarn yn 1918