Springe nei ynhâld

Simmerrak

Ut Wikipedy
Simmerrak

It Simmerrak (Snitsersk en offisjeel: Somerrak) is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is in wetter yn it eastlike part fan de stêd Snits dat de Houkesleat ferbinet mei de Stêdsgrêft.

It Simmerrak begjint by it Finster, dêr't de Houkesleat yn it ferline troch it Sperkhim nei it súdwesten gong nei de Wâldfeart. Op dit plak komt oan de noardkant ek it "Finstersleatsje" op it trochgeande wetter út. It Simmerrak rint dan nei it noardwesten oant it útkomt by de Toppenhústerbrêge, dêr't it oanslút op de Stêdsgrêft en de Aldfeart.

Oan de iggen fan it Simmerrak is yn de jierren om 2000 hinne nijere, hegere appartemintebou delsetten, dy't de tagong ta it sintrum in hiel oar oansjen jout. Oan de súdkant is ein 20e iuw oer de hiele lingte in promenade oanlein, dy't nei it wetter fierderop Hoekesleatpromenade hjit, mei oanlis foar de willefeart.

De Snitserske namme Somerrak jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Het Zomerrak.