Stedsfinne
Stadsfinne is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk telt (yn 2008) 3100 ynwenners en hat in oerflak fan 81 hektare (wêrfan 8 hektare wetter).
De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Pasveer, yn it easten oan de wyk Aldfeart, yn it suden oan de wyk De Domp en yn it westen oan de Swettebosk en de wyk Swetteplan.
De begrinzging fan de wyk wurdt foarme troch de Ljouwerterdyk (westlik) en de Griene Dyk (súdlik). De Aldfeart begrinzget de wyk yn it easten.
Histoarje en bebouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wyk Stedsfinne is foar it grutste part boud tusken 1945 en 1975. Yn de wyk steane in soad keapwennings, mar ek hierwennings. Dy lêsten wurde eksploitearre troch De Wieren. In opfallend gebou yn de wyk is de fersoargingsflat Parkflat. Yn de wyk steane fierders in soad âldereinwenningen.
Yn 1964 is by opgravings yn de Stedsfinne in soad guod út de 12e iuw fûn, dy't wize op in delsetting op dit plak destiids. Yn de Stedsfinne lei ek kleaster Griendyk.
De wichtichste trochgeande strjitte yn de wyk is de Middelseeleane. De strjitten yn de wyk binne meast neamd nei wetters yn ferbân mei de eardere Middelsee en drage diels de namme fan âlde Snitser aadlike famyljes.
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wiken en buerten yn de stêd Snits | ||
---|---|---|
Wiken: Aldfeart • Beammebuert • Binnenstêd • De Domp • It Eilân • Dúnterpen • It Ges • Harinxmalân • Himdyk • De Himmen • Houkesleat • Lemsterwei-East • Lemsterwei-West • Ljouwerterdyk • De Lotten • Noardeasthoek • Noarderhoek I • Noarderhoek II • Pasfear • Poarte fan Snits • Sperkhim • Stasjonsbuert • Stedsfinne • Swetteplan • Tinga | ||
Buerten: Malta • Spitaal • Túndoarp | ||
· · |