Springe nei ynhâld

Swettebosk

Ut Wikipedy
Swettebosk
park
Utsjocht fan de brêge oer de Loaiïngeaster Feart ôf op it fytspaad by de Swette del yn it Swettebosk
Utsjocht fan de brêge oer de Loaiïngeaster Feart ôf op it fytspaad by de Swette del yn it Swettebosk
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
plakSnits
koördinaten53° 2' N 5° 40' E
gegevens
oerflak11 ha
iepening1970
behearderGemeente Súdwest-Fryslân
kaart
Swettebosk (Snits)
Swettebosk

De Swettebosk is in natoerpark yn it noarden fan de stêd Snits, dat iepene waard yn 1970.

It park leit tusken de hûzen fan 'e Goeman Borgesiusleane yn it suden, de Snitser Trekfeart yn it westen, de Ljouwerterdyk yn it easten en de Oerdyk yn it noarden.

It park is ûntstien yn it ramt fan de ruilferkaveling fan de Snitser Aldfeart. De beneaming 'bosk' is wat oerdreaun omdat it park net al te grut is. Faaks is dat lykwols om't it folle wylder oanlein is as eardere parken yn snits, lykas it Prinses Julianapark en it Wilhelminapark. Dy parken binne dúdlik oanlein om park te wêzen; it Swettebosk is mear oanlein foar it ferstallen. Besikers kinne it park fergees yn by dage oant de sinneûndergong.

Yn it park binne ferskate foarsjennings en bysûndere plakken. Oan de kant fan de Ljouwerterdyk leit de Dicky van der Werf Iisbaan.[1] Besuden de iisbaan leit it Roomsk-Katolike Begraafplak mei dêrop in bysûndere kapel.[2] Yn it park is ek in fitness-sône[3]en it diere-asyl 'de Nomadenhof'[4].

De bosk wurdt hjoeddedeis (2005) op twa plakken trochsnien: Fierder nei it súden troch de Stedsrûnwei; fierder nei it noarden troch de Loaiïngeaster Feart.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Snitser Nijsblêd
  2. www.dodenakkers.nl
  3. Snitser Nijsblêd
  4. www.nomadenhof.net