Springe nei ynhâld

Ljouwerterdyk (Snits)

Ut Wikipedy
Ljouwerterdyk

De Ljouwerterdyk is in wichtige trochgeande dyk, troch de wyk Ljouwerterdyk, yn Snits.

De wei krige syn namme yn 1842 en waard neamd nei de stêd Ljouwert, dêr't de dyk hinne rint. De wei wie ien fan de earste ferhurde diken yn Fryslân, ta stimulearring fan it ferfier oer de wei. De strjitte ferbynt de Easterdyk mei de Blankendalwei yn Skearnegoutum. Bûten de stêd is de wei ek bekend as N354.

Letter is de wyk Ljouwerterdyk nei de strjitte neamd wurden. Oan de Ljouwerterdyk lizze it Sportpark Ljouwerterdyk en de Swettebosk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestuur Sneek (1978) Geschiedenis in straatnamen.

Plak fan útjefte: Snits.