Springe nei ynhâld

Noardeasthoek

Ut Wikipedy
Noardeasthoeke

De Noarderhoeke is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wyk telde (yn 2008) 1860 ynwenners en hat in oerflakte fan 27 hektare (wêrfan 1 hektare wetter).

Lizzing en berikberheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Swetteplan, yn it easten oan de Beammebuert, yn it suden oan de Binnenstêd en de Stasjonsbuert en yn it westen oan de Noarderhoek I.

De grutste ferkearsier fan de wyk is de Goeman Borgesiusleane, ek de noardgrins fan de wyk. Wetterwegen yn de wyk binne De Swette, dy't de noardeastlike grins foarmet en de Stedsgrêft, yn it súdeasten de grins. Yn it súdwesten wurdt de grins foarme troch de Frjentsjerter Feart. De spoarline Ljouwert-Starum foarmet de westlike grins, dy't oan de Parallelwei passeard wurde kin fia in fyts- en fuotgongerstunnel rjochting Noarderhoek I.

Yn it noardwesten fan de wyk leit treinstasjon Snits Noard.

Histoarje en bebouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1860 waard besluten "ta ferbettering fan de folkshúsfêsting" om arbeiderswenningen bûten de wâlen fan de stêd te bouwen. Hjirtroch ûntstie de Steenklip.

It gemeentebestjoer fan Snits joech om 1901 fierder de opdracht foar útwreiding fan de stêd oan de bûtenkant fan de Looxmagrêft. Koart hjirnei waard begûn mei de bou fan de wenningen, nei ûntwerp fan gemeentlik arsjitekt Johannes Philippus Hogendijk. Yn de jierren dêrnei waard de wyk yn eastlike rjochting fierder útwreide. Yn 1903 waard oan it Kleasterhof de Ambachtsskoalle iepene, it hjoeddeiske Sintrum foar de Keunsten (foarhinne: muzykskoalle). Letter waard ek de Julianaskoalle iepene oan de Bloemstrjitte (eartiids: 3e Looxmadwersstrjitte).

Yn de wyk leit ek in park (Park Parallelwei) en om de Bloemstrjitte sitte ferskate winkels. Aan de Parallelwei stiet boppedat in eardere dependânse fan de RSG Magister Alvinus (foarhinne: Sint Jozef Mavo, Kristlike Kweekskoalle, no in appartemintegebou). Tusken de doctor Kuyperleane en de Swette is in âldereinhûs boud: It Skûlplak. Efter it park oan de Parallelwei leit in grutte boarterstún, eigendom fan de boarterstúnferiening fan de wyk.

Yn de jierren fyftich wurdt oan de Swettekaai in nij appartemintegebou boud, nei arsjitektuer fan Jan de Vries. Opfallend binne de grutte betonnen balkons mei reade stippen. Op it stee fan de eardere beukerskoalle Klimop (opgien yn de Swetteskoalle) oan de Parallelwei komt yn 2012 in soarchsintrum.

Sûnt 1981 is yn de wyk in wykferiening aktyf, neamd Wykferiening Swette-Noardeasthoeke. De feriening beheart it Wykgebou De Hen.

Strjitnammeferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De strjitten yn it súdlike part fan de wyk binne meast neamd nei blommen (de Blommebuert). De Looxmadwersstrjitten binne neamd nei de neistlizzende Looxmagrêft. Yn it sintrale diel fan de wyk binne de strjitten neamd nei it Johanniterkleaster, dat op it steed fan de hjoeddeiske Algemiene Begraafplak stie. It kleaster waard by de Byldestoarm sloopt. Foarbylden fan dizze strjitnammen binne ûnder oare de Kapelstrjitte, Johanniterhof, Kleasterstrjitte en Muontsestrjitte. Yn it noardlike diel fan de wyk binne de strjitten neamd nei bekende Nederlânsk steatslju.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Lêste Stoerbrêge (rjochts).

Sjoch ek de list fan ryksmonuminten yn Snits.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestuur Sneek (1978) Geschiedenis in straatnamen.

Plak fan útjefte: Sneek.

  • Gemeente Snits, Provinsje Fryslân, Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek.

Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· · Berjocht bewurkje