Swetteplan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Swetteplan

Swetteplan is in wenwyk binnen de stêd Snits yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De wyk telt (yn 2008) 1920 ynwenners en hat in oerflakte fan 58 hektare (wêrfan 2 hektare wetter). De wyk is neamd nei de neistlizzende rivier de Swette. De wichtichste trochgeande strjitte yn de wyk is de Hugo de Grootstrjitte. De strjitten binne meast neamd nei Nederlânske steatslju.

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk De Lotten, yn it easten oan de wyk Stedsfinne, yn it suden oan de wyk Noardeasthoeke en yn it westen oan de wyk Noarderhoeke II. De begrinzing fan de wyk wurdt foarme troch de Swette (eastlik), de Goeman Borgesiusleane (súdlik) en it Spoar fan Ljouwert nei Starum (westlik).

Histoarje en bebouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk Stedsfinne is foar it meastepart boud yn de jierren njoggentich. Yn de wyk steane in soad keapwennings en der is romte foar iepenbier grien. Op it plak fan de hjoeddeiske Swettestate, yn it uterste súdeasten, stie foarhinne de Joerstrastins.

In de wyk is in buertferiening aktyf, neamd Wykferiening Swette-Noardeasthoeke. De feriening beheart it Wykgebouw De Hin.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen. Plak fan útjefte: Snits
  • Gemeente Sneek, Provincie Friesland, Rijksdienst voor Archeologie, Cultuurlandschap en Monumenten (2008) Sneek. Plak fan útjefte: Amersfoort.