Springe nei ynhâld

Caspar de Robles

Ut Wikipedy

Caspar de Robles en Leyte of Gaspard di Robles (Porto 1527 - Antwerpem 5 april 1585) ek wol Billy yn Artesië neamd, wie steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte oan it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch (regearperioade: desimber 1573 - novimber 1576; fan juny 1572 ôf hie De Robles al plakferfangend steedhâlder west.)

Harns Stiennen Man

Caspar wie de soan fan João Lopes de Robres (of Robles) en Maria de Leyte. Syn heit wie in Spaanske ridder yn de Oarder fan Kristus, dy 't him út Robres yn de Portugeeske havenstêd Porto nei wenjen set hie yn it hûs (casa) en paleis (palacio Robres dêre.) Miskien kaam Maria út in plak Leyte, mar sa'n plak bestiet no net mear yn Spanje. Dona Maria wie nei alle gedachten de min fan kening Filips II. Caspar troude yn 1558 mei Jeanne de Saint-Quentin, frouwe fan Billy en waard dêrmei eigener fan it kastiel en it lân yn Billy, súd fan Rijsel.

Kolonel De Robles waard net ynset by de slach by Heiligerlee, dêr 't Loadewyk fan Nassau it Spaanske leger fan steedhâlder Aremberg fersloech. Greef Adolf fan Nassau (1540-1568) en greef Aremberg sneuvelen. De Robles naam wol diel oan de slach by Jemmingen dêr 't Loadewyk fan Nassau mar krekt wist te ûntkommen. Dêrnei waard De Robles stasjonearre yn de stêd Grins en belêste mei it útwreidzjen fan de ferdigening mei in sitadel nei it foarbyld fan Antwerpen, en mei it bestriden fan de Wettergeuzen dy 't de Iems en it Waad ûnfeilich makken.

Opfolger fan de sneuvele Arenberg waard Karel van Brimeu, greve fan Megen. Dy stoar yn jannewaris 1572 en doe waard Gilles fan Berlaymont, hear fan Hierges beneamd. Luitenant-steedhâlder wie Zeger fan Groesbeek, dy 't koart nei Van Megen stoar. Op 26 juny 1572 waard kolonel De Robles luitenant-steedhâlder fan Hierges.

Caspar de Robles sit benammen yn it kollektyf ûnthâld as besljochter fan mieningsferskillen oer de bydrage oan it seedykûnderhâld. Dat is foar it grutste part sûnder grûn. Yn syn oanwêzigens yn ’e Nederlannen (1569-1576) waard it gebiet troffen troch op syn minst tsien swiere stoarmen en stoarmfloeden. De beruchtste stoarmfloed wie de Alderheljenfloed fan 1 novimber 1570. Dy ûntheistere de kust fan noardwestlik Europa fan Flaanderen oant Denemark. Ek yn Fryslân en Grinslân ferdronken in soad minsken en de skea wie enoarm. Ien fan de swierst troffen wetterskippen wie de Contributie Der Vijfdeelenzeedijken binnen-en buitendijks, dy 't ferantwurdlik wie foar de diken tusken Makkum en It Bilt

In jier earder wie troch de riedshearen fan it Fryske Hof besletten dat de hand en spandiensten fan de dykplichtigen ôfskaft wurde soene en dat alle dykwurk oanbestege wurde moast. Dykplicht wie betellersplicht wurden, mar diskear soene de boeren fallyt gean, as se it jild foar de oannimmers opbringe moasten. Tsjin it sin fan it Hof giene de boeren mei eigen arbeiders oan it wurk om op syn minst de gatten yn de seediken te tichtsjen. Yn dit wetterskip wurken twa groepen dykplichtigen gear: bûtendikers, de bewenners fan it gebiet dat by in seedyk-ynbrek fuort ûnder wetter kaam te stean, en binnendikers, de bewenners fan it gebiet efter de slieperdyk de Slachte. Bûtendikers waarden folle swierder belêste as binnendikers: de omslach oer de hier wie trije kear dy fan de binnendikers. De bûtendikers fregen Alva om foar dizze kear allegear deseldige omslach op te lizzen en se krigen har sin. Mar doe ’t de binnendikers in delegaasje nei Brussel stjoerd hiene draaide Alva syn beslút werom. Dêrnei krige steedhâlder Van Megen de opdracht de skelen op te lossen en nei syn dea waard kolonel De Robles op 15 maart 1572 foarsitter fan de skeelkommisje. Hy koe foarearst net slagje en hy hie boppedat de hannen fol oan it bestriden fan de geuzen yn Fryslân. Dêrnei waard er ynset by it belis fan Haarlim.

By syn weromkommen yn de simmer fan 1573 hiene de kommisjeleden de oplossing foar de skelen klear: de regeling fan 1569 soe fan krêft bliuwe, mar oant de diken op de troch de dyksfolmachten winske hichte brocht wiene, soe de gelikense omslach jilde. Dêrnei krigen binnen-en bûtendikers yn oerienstimming mei harren winsk elk in eigen helte fan de dyk yn ûnderhâld sadat gearwurkjen net mear nedich wie.

Under lieding fan dykgraaf Ruerd fan Roorda waard yn de maitiid fan 1572 grutskips wurke oan it fierdere dykmeitsjen. De ynfal fan de geuzen yn Fryslân makke it wurk dreger. Nei ’t De Robles de dykgraaf finzen set hie om wjerstribbigens kaam it wurk stil te lizzen. Pas yn april 1573 waard hy frijlitten omdat er ûnmisber wie foar it dykmeitsjen. De simmerstoarmfloed yn augustus 1573 makke alle wurk wer ûngedien en grutte stikken fan de Vijfdeelenzeedijken koene net mear repareard wurde. Op dy plakken moasten nije stikken dyk mear it lân yn fan ‘e grûn ôf opsmiten wurde. Noard en súd fan Harns wie dat ek it gefal.

Om 't sûnt oktober 1573 de Wettergeuzen de Sudersee yn 'e macht hiene, wie in oanfal op Harns net tinkbyldich. Nei alle gedachten wie dat de reden dat De Robles him yn 1574 in skoftke mei de dykparten by Harns bemuoide. Hy liet it dykwurk op militêre least organisearje, sadat in eventuele opstân fan de 3000 dykwurkers bedimme wurde koe. De kwaliteit fan it dykwurk hie der skea fan en yn juny 1574 droech De Robles formeel it wurk wer oer oan de kapabele dykgraaf Ruerd fan Roorda. De Robles wie fan doel om de nije dykparten yn trije moanne klear te hawwen op tolve foet hichte, mar dat waard op gjin stikken nei helle. Yn 1575 besleat it Hof dat tsien foet heech genôch wie om binnen- en bûtendikers elk de helte yn ûnderhâld te jaan. De bûtendikers protestearren dat se in dykhelte yn ûnderhâld krigen dy 't net oan de ôfspraken foldie. De binnendikers wiene tefreden en hja betellen de kosten fan de monumintale grinspeal (terminus, letter de Stiennen Man) dy ’t de beide riedshearen fan it Hof betocht hiene.

Steedhâlderskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Arrestaasje fan Caspar de Robles troch eigen soldaten, yn Grins 23 -25 novimber 1576. (Gravuere fan de Brabânske kartograaf Frans Hogenberg, printe yn Keulen.)

De Robles koe mei muoite de opstân fan de Fryske stêden delslaan. Yn tsjinstelling ta Hollân hie Fryslân mar lytse stêden, dy 't ek faak gjin ferdigeningswurken hiene. Hy konsintrearre syn mannen yn de blokhuzen fan Ljouwert, Harns en Starum. Yn Dokkum kaam der help foar de geuzen út de befolking foar it ferjeien fan de Spaanske troepen. As represaille liet De Robles syn mannen yn de stêd moardzje en plonderje. Dat stiet bekend as de Waalske Fuery yn Dokkum. Snits, Boalsert en Frjentsjer, dy 't har al foar de Prins fan Oranje ferklearre hiene, joegen har oer oan de keninklike troepen. Caspar stipe Fadrique Álvarez de Toledo mei in lytse 1.000 Waalske soldaten by it belis fan Haarlim. Op of omtrint 23 maaie 1573 rekke hy licht ferwûne troch in skot út in roer. Yn novimber 1573 waard Robles beneamd ta steedhâlder en kapitein-generaal fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Yn de rin fan de jierren waard De Robles hieltyd mear hate, troch freon en fijân. De Spaanske soldaten krigen al skoften gjin soldij en wiene tige ûntefreden en hy frege Alva om in fergoeding foar syn wurk. Yn 1576 gie er nei Grins, dêr 't in gesant fan de Steaten-Generaal oppakt wie. Dizze François Martini Stella besocht de bestjoerders en it garnizoen achter de Pasifikaasje fan Gent te krijen. De Robles liet him pinigje, mar krige net mear út him as dat er ‘kommen wie, om de Wethouderschap ter algemeener Dagvaart tenoodigen’.[1] Stella wist syn bewarders oer te heljen him frij te litten, wêrnei 't er it hiele garnizoen de eed ôflizze liet op de Steaten-Generaal, gebrûkmeitsjend fan harren ûnfrede oer de efterstallige soldij. De Robles waard op 23 novimber 1576 finzen nommen troch syn eigen soldaten. Dat wie de ein fan 'e macht fan Caspar de Robles yn it noarden fan de Lege Lannen.

Caspar de Robles kaam om yn 1585 by it Belis fan Antwerpen. De Spanjerts hienen in brêge fan boaten oanlein om de Skelde te blokkearjen en de stêd út te hongerjen. Steatske troepen besochten om 'e nocht de blokkade te brekken. Op in kear wisten se mei de skippen ‘Fortuin’ en ‘Hoop’ fol mei sjitkrûd tsjin de blokkade oan te farren en se ta ûntploffing te bringen. De eksploazje easke de libbens fan op syn minst 800 Spaanske soldaten, ek dat fan De Robles, dy ‘t tsjin in peal ferplettere waard.

Yn hast alle geskriften oer de perioade dat Caspar de Robles yn ’e Nederlannen is, dominearret it ferhaal oer syn rol by de Fryske seediken. Koartsein: nei de Alderheljenfloed fan 1570 lieten de Friezen troch ûnderlinge mieningsferskillen jierrenlang it ûnderhâld fan de diken sloere, de tige hurde hân fan Caspar de Robles (oprjochting fan galgen, weismiten fan frijstellingsbrieven) twong har om de diken te meitsjen. Dêrnei wiene se him tige tankber en rjochten foar him in tinkteken op.

Fansels wiene de Friezen net sa stom om it bestean en it libben op it spul te setten troch jierrenlang har lân ûnder sâlt wetter stean te litten. Yn de troch stoarmfloeden teheistere perioade wurken se hurd oan de diken en betellen se ekstreem hege bedraggen foar dykmateriaal. De rol fan Caspar de Robles by de Fryske seediken wie mar beheind. It oplossen van de skelen barde troch syn adviseurs, as steedhâlder tekene er in pear ordonnânsjes yn 1574 oer dykmeitsjen en as kapitein-generaal bemuoide hy him efkes mei de diken by Harns. It op Spanje ynstelde bestjoer hat yn de Latynske tekst op de Stiennen Man propaganda makke foar Caspars bestjoerlike kwaliteiten troch him nei de Alderheljenfloed de nije diken yn trije moanne opsmite te litten. Dizze ferdraaiing fan de werklikheid wie de basis foar in mytefoarming dy 't him fanôf de achttjinde iuw de rol joech fan in trochtaastende lieder, dy 't de Friezen leard hie diken te meitsjen.

Kolonel De Robles wie yn de tiid fan Alderheljenfloed net yn Fryslân, mar yn Grinslân. Hy soe dêr mei syn mannen de lieding nommen hawwe by it rêden fan de drinkelingen, en hy soe boppedat tydlike frijdom fan belesting frege hawwe neffens P.C. Bor en P.C. Hooft. Mar De Robles sels skreau oan Alva op 9 novimber 1570 dat de boargers fan de stêd Grins nei it plattelân gien wiene om help te bieden en dat wat der barde allinne oan har grutte iver te tankjen wie.[2] Noch altyd wurdt de ferzje fan Bor en Hooft ferteld, dy fan De Robles net.

Omtrint 1725 blykte De Robles foar in soad skriuwers de Fryske dijker en graver te wêzen. Hy soe it Knillesdjip fan de Burgumer Mar grave litten hawwe nei Strobos. No wie De Robles yn 1575 wol belutsen by in plan om mei fan de stêd Grins ôf in farferbining te meitsjen nei de Lauwers, de grinsrivier tusken Fryslân en Grinslân, mar dat plan is nei alle gedachten yn 1576 net alhiel útfierd. Yn elk gefal waard dat wat yn it Grinzer Westerkertier trochgroeven wie, nei Caspar syn fêstnimming wer ticht smiten. Oer bemuoienis fan De Robles mei it Fryske Kolonelsdjip is nearne wat fêstlein.

  • Woltjer, J.J., Friesland in hervormingstijd (Leien 1962) siden 214-226
  • Buisman, J., Duizend jaar weer, wind en water in de lage landen, diel 3 en 4 (Frjentsjer 1998 en 2000)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Nieuwe kijk op Caspars dijk (pdf)


  1. Jan Wagenaar, Vaderlandsche historie. Diel 7, side 126
  2. Vries, dr. K. de en Winsemius, dr. J.P. (eds.) De Allerheiligenvloed van 1570 (Ljouwert 1970 ssiden 49, 50, 125