Slach by Hilligerlee

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Slach by Heiligerlee")
Jump to navigation Jump to search
Slach by Hilligerlee
Part fan de Tachtichjierrige Oarloch
De Slach by Hilligerlee, troch Frans Hogenberg.
Slach by Hilligerlee. Frans Hogenberg.
datum: 23 maaie 1568
plak: Hilligerlee, Grinslân
útkomst: Oerwinning foar de Nederlânske opstannelingen
konfliktpartijen
rand Steatsgesinden rand Spanje
befelhawwers
rand Loadewyk fan Nassau
rand Adolf fan Nassau
rand Arenberg
sterkte
3900 fuotfolk
200 ruters
3200 fuotfolk
200 ruters
ferliezen
50 1500-2500
1rightarrow.png Dizze side giet oer de Slach by Hilligerlee yn 1568. Foar de Slach by Hilligerlee yn 1536, sjoch: Slach by Hilligerlee (1536).

De Slach by Hilligerlee op 23 maaie 1568 einige mei de earste oerwinning fan de opstannelingen yn de Tachtichjierrige Oarloch. De fjildslach wie yn de omkriten fan Hilligerlee, tichteby Wynskoat, yn de provinsje Grinslân.

Oanrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem fan Oranje hie lang treuzele foardat er wat ûndernaam tsjin de ûnderdrukking fan de Nederlannen troch de Spanjerts. Yn maart 1567 noch, by de slach by Oosterweel, ferhindere er it protestantske leger om út Antwerpen wei te help te kommen. Mar syn eigen behanneling, kombinearre mei alle dagen fersiken om help, feroare syn miening. Hy socht kontakt mei ferskate Dútske foarsten om finansjele stipe te krijen en ferkocht 'sulverwurk, lytsguod, tapiten en oare foarstlike hússieraden' fan sines.

It slagge him om Frâns fan Coqueville, in ealman út Normandje, ree te finen om mei sân- of achthûndert manlju út Frankryk wei in ynfal te dwaan yn Arteesje en Henegouwen. De Greve fan Hoogstraten soe by de grutte rivieren del optsjen nei Gelderlân. Syn broer greve Loadewyk fan Nassau soe yn Fryslân en Grinslân in oanfal ûndernimme. Hysels soe yn Brabân optsjen, sadree't er fernommen hie dat Alva syn leger oer dy trije ynfallen ferdield hie.

Alva koe lykwols bewurkmasterje dat de Frânske kening Coqueville werom rôp. Coqueville waard letter op befel fan de Frânske kening as rôver ûnthalze.[1]

Foar de earste ynfal woe Willem fan Oranje Roermond ynnimme. Doe't dat mislearre, teach er mei syn opstannelingen op nei Erkelenz om dy stêd te oermasterjen. Alva stjoerde lykwols syn leger by it lemieren nei it by Dalheim noch sliepende leger fan Willem. Op 25 april 1568 ferlear Willem fan Oranje syn earste slach by Dalheim (slach by Dalheim). Fan de trije ynfallen hie allinnich dy yn it noarden sukses.

By Bellingwolde giene de steatske troepen Grinslân yn en oermasteren de Wedderborg, dat yn it besit wie fan de Spaanske steedhâlder yn Grins, Jan fan Ligne. Dêrnei rjochten de troepen fan greve Loadewyk harren op de stêd Grins om dy oer te heljen om mei te dwaan oan de opstân. Dat besykjen mislearre, want de stêd wie al earder ûnder militêre druk troch troepen fan de Spaansksinnige luitenant De Mepsche ynnommen. De godstsjinstfrijheid waard opheft en in protte protestanten hiene de stêd ferlitten. Greve Loadewyk beskikte net oer foldwaande finansjele en militêre middels om de stêd belegerje te kinnen. Troch blokkaden dy't er noardlik en eastlik fan de stêd opsmiet, besocht er, sûnder sukses, de stêd ôf te snijen fan de bûtenwrâld. Oan de súd- en westkant bleau de stêd berikber.

It besykjen om de befolking yn opstân te krijen tsjin de lânshear rûn ek op neat út. De blokkaden kearden him tsjin Loadewyk op it momint dat de troepen fan Alva de foar Loadewyk wichtige logistike rûte nei Delfsyl ôfsleaten. It gefolch wie dat nei seis wike belis de troepen fan Alva tichteby kamen en dat der foar Loadewyk neat oars oerbleau as nei East-Fryslân te flechtsjen. By dy flecht waarden de troepen fan greve Loadewyk op de hichte fan Hilligerlee ûnderskept troch Spaanske troepen.

De fjildslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 maaie wie it steatske leger yn behyplike tastân troch honger en efterstân yn de betelling fan soldij. Greef Loadewyk koe lykwols syn manlju noch ienkear sa fier krije om de wapens op te nimmen.

Doe't Loadewyk fan Nassau te witten kaam dat syn tsjinstanner tsjin him opteach, slagge it him om syn troepen wer te motivearjen en stelde harren op by it kleaster fan Hilligerlee. De omkriten dêre besteane út trije hichten (garsten), dêr't op ien fan in kleaster stie. De oare twa kinne de garsten fan Westerlee en Napels west hawwe. Efter de hichten socht it grutste part fan syn troepen beskûl. Foar de hichte mei it kleaster rûn in dyk, tusken de hichten wiene kûlen ûntstien troch turfwinning. Yn dy kûlen waard de ynfantery ferside brocht. Tusken de dyk en de hichten lei in sompich stik lân. Dy omkriten steane tsjintwurdich bekend as de Triennedelling.

Mei syn ruters ûndernaam Loadewyk fan Nassau in oanfal op it Spaanske leger. Aremberg, dy't fan plan wie om te wachtsjen op fersterkings, kaam dêrtroch yn de ferlieding om de steatske ruters te efterfolgen. Dy ruters lokken it Spaanske leger de dyk oer tusken de hichten troch. It Spaanske leger kaam dêrtroch yn it sompige terrein telâne tusken de hichten, dêr't it in maklike proai waard foar de Waalske hierlingen, tûke skutters yn tsjinst fan greve Loadewyk.

Neffens guon boarnen sneuvele Adolf fan Nassau by de ruteroanfal op it Spaanske leger. Neffens oare berjochten neidat syn hynder op 'e rin rekke by it haadgefjocht en hy mids de fijanlike troepen belâne. De wierheid sil wol earne tusken heroyk en tsjinslach lizze.

It ferlies oan de steatske kant wurdt op 50 man rûsd, oan Spaanske kant op 1500-2500 manlju. De steatske troepen hawwe ek 7 stikken geskut bút makke. Útsein it ferlies fan greve Adolf sneuvele de greve fan Aremberg ek. Beide eallju waarden earne oars begroeven. Wêr't it massagrêf fan alle sneuvele militêren leit, is net bekend. It stoflik oerskot fan greef Adolf is foar it neist meinommen troch de weromlûkende militêren en lang om let te hôf brocht yn Emden. De gebouwen fan it kleaster yn Hilligerlee waarden troch de troepen fan greve Loadewyk by it weromlûken yn 'e brân stutsen.

Gefolgen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint út 1868 foar de betinking fan de slach by Hilligerlee.

De oerwinning yn de slach wie it earste sukses fan de Nederlânske opstân dat in moanne earder op 23 april úteinset wie mei de slach by Dalheim, dy't ferlern waard. It effekt fan de oerwinning wie lykwols beheind, want it folgjende treffen tsjin de Spanjerts soe wer útdraaie op in nederlaach. Yn de slach by Jemmingen waard it grutste part fan it steatske leger ynmakke. Greve Loadewyk koe him op it lêste momint út de striid weromlûke troch swimmend de Iems oer te flechtsjen. It ferovere gebiet gie ferlern en de oanfal op Grins wie mislearre, Adolf, de broer fan Loadewyk, wie sneuvele en fan it leger wie sa goed as neat mear oer.

De betinking fan de slach krige pas foarm yn de 19e iuw, yn 1826 waard in ienfâldige tinknulle (obelisk) pleatst. Yn 1868 krige de betinking in mear nasjonaal karakter. Yn 1873 waard it hjoeddeistige Greve Adolfmonumint troch kening Willem III ûntbleate. Tsjintwurdich is yn Hilligerlee in museum oer de skiednis fan de slach.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Van der Aa: François de Coqueville

Keppeling om utens: