Springe nei ynhâld

Sektor kanton (Snits)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kantongerjocht Snits)
Justysjegebou

It Sektor kanton fan Snits siet oan de Merkstrjitte yn Snits en foel ûnder it arrondissemint en ressort fan it Gerjochtshof Ljouwert. Under sektor kanton Snits foelen de gemeenten: Gaasterlân-Sleat, Littenseradiel en Súdwest-Fryslân. De lêste sitting yn Snits wie op 27 maart 2013.

De rjochtbank is stifte yn 1811 troch it Frânsk bestjoer. De earste sittingen waarden hâlden yn it Easterkoar fan de Grutte of Martinytsjerke. Hjirnei waard op it stedhûs rjochtsprutsen. Hjirnei waard om 1839 ferhuze nei it hjoeddeiske gebou fan de rjochtbank, mei troch de ynfiering fan de wet op de rjochterlike organisaasje. Yn Fryslân kamen doe trije rjochtbanken (yn Ljouwert, Snits en It Hearrenfean) mei dêrboppe in provinsjaal gerjochtshof yn Ljouwert. Oant 1 novimber 2007 wie der ek in kantongerjocht yn Beetstersweach.

It hjoeddeiske gebou oan de Merkstrjitte is yn 1838 boud neffens empirestyl nei ûntwerp fan Pyter Jentsjes Rollema. Yn de gevel sit in spreuk yn natuerstien: "ius suum cuique" (elts syn rjocht).

It gebou hat in entree mei in lange gong, dy't oant efter it gebou rint. Oan de rjochterkant fan dizze gong wienen twa fertrekken, dy't brûkt waarden as sprekkeamer en tsjinstromte. Hielendal efteryn is de rjochtsseal, hjirneist wie de wenkeamer fan de hûsbewarder. Op de boppeferdjipping wie de Audiïnsje-seal mei dêrefter de griffy. De sittingsseal is fraai foarmjûn mei bysûnder stúkwurk. It gebou is beneamd ta ryksmonumint. Efter it gebou stiet de eardere stedsfinzenis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: