Pyter Jentsjes Rollema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Pyter Jentjes Rollema (Snits, 10 oktober 1786 - dêre, 13 augustus 1848) wie in Nederlânsk arsjitekt. Hy is benammen bekend fan syn wurk as stedsarsjitekt fan Snits.[1]

Rollema wie de soan fan Jentje Heerkes Rollema en Angenieske Pyters Augustinus.[2] Hy boaske yn 1808 oan Antje Lieuwes de Vries (1783-1852) fan De Gaastmar.

Yn 1826 wurdt er arsjitekt yn tsjinst fan de stêd Snits en ûntwerpt hy ferskate ferneamde gebouwen. In protte fan syn gebouwen binne der noch en binne wilens Ryksmonumint wurden. Fan syn hân binne ûnder oaren de gebouwen dy't hjoeddendei tsjinje as Frysk Skipfeart Museum, it pân Kleinzand 32 (Weduwe Joustra®-bearenburch), de Rjochtbank Snits en de Doperske tsjerke oan de Singel. Yn 1845 jout er syn funksje oer.[3] Hy waard opfolge troch arsjitekt Meinse Molenaar.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nationaal Architectuur Instituut: Pyter Jentjes Rollema
  2. Friesland-genealogy: Rollema
  3. Frysk Skipfeart Museum:o1983-141-04