Louw Donia

Ut Wikipedy

Louw Donia wie grytman fan Wymbritseradeel en wenne yn Snits.

Doe't yn 1496 in frjemde kriichsbinde ûnder jonker Fox yn de stêd wie, tige oproerich om harren soldij, besochten in soad begoedige lju yn it geheim de stêd út te kommen, wêrûnder Bokke Haringsma en Louw Donia. Se waarden lykwols troch oerste Fox finzen nomd en der waard betelling easke, wat se wegeren. Doe rôpen de Snitsers de Grinzers om help. Grins betelle, mar Bokke en Louw, en ek Zijtse Haringsma, hearskip fan Drylts waarden nei Grins ta brocht as gizelders, oant de troch Grins betelle jildsom werombetelle wêze soe. Bokke Haringsma waard yn 1497 troch Jan Kanneken, kannemakker yn Snits befrijd. Koart dêrnei kamen ek Louw en Zijtse op losjild frij.