Bocka Harinxma
Bocka Harinxma, eartiids ek wol Bocke Harinxma thoe Sneeck neamd, (Snits?, ? – Snits, 3 april 1499) wie in tige ynfloedrike Snitser haadling, dy't fan 1488 ôf oant syn dea de feitlike machthawwer wie fan de Fryske Súdwesthoeke.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bocka wie ôfkomstich út in ynfloedrik Frysk haadlingenlaach, de Harinxma's. Hy wie de soan fan Feicke Harinxma en Luts Feykes Oenema en troude mei Ansck fan Juwinga. Sy hienen ien bern dy't de leeftyd berike om te trouwen, Luts. De Harinxma's wienen ryk en machtich en beskikten oer meardere stinzen yn Snits, Drylts, Wâldsein, Heech en Sleaten.
Yn 1488 waard Bocke, nei de dea fan syn neef Peter Harinxma oanfierder fan de Skieringer fraksje yn Snits. Hy late tegearre mei Juw Hottinga de Skieringer partij yn de striid tsjin har fijannen de Fetkeapers. De einleaze skelen oan beide siden foarmen destiids de oanlieding om hierlingebinden as help yn te roppen. Foar Bocke rûn dat yn 1496 hiel bot út de hân, doe't er de beruchte Nytaert Fox net langer betelje koe en dy syn feinten dêrnei Bocke finzen setten tegearre mei in sweager en noch in tredde miich Syttha Harinxma út Drylts. It hûs fan Louw Donia waard brûkt as finzenis,
Neidat alle eallju jild ôfhandich makke wie kaam it ta in akkoard mei de stêd Grins, dy't it restant oan Snits liende, dochs Bocka en Louw as gizelers opeasken en yn de boeien nei Grins bringe lieten. Dêr ûntsnapt er in jier letter op aventoerlike wize.