Springe nei ynhâld

Nittert Fox

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nytaert Fox)

Nittert Fox of: Nittert Fuchs, (sneuvele by Foxhol, 22 july 1499) mei as bynamme 'de grutte kapitein' wie in Dútske ridder en legeroanfierder fan de Swarte Heap. Hy waard yn 1495 troch Albrecht fan Saksen nei Fryslân ta stjoerd om mei Willebrord fan Schaumburch Fryslân te ûnderwerpen. Hy sneuvele yn 1499 yn Grinslân.

Nittert Fox út Würtzburg yn Frankenlân, hearde frij wis ta it oansjenlike laach Füchs of Fux, besibbe oan dat fan Grombach, dêr't jonker Hans, mei Willebrord fan Schaumburg, as kapitein yn Saksyske tsjinst, yn Fryslân komd wie. Al foar de Fryske oarloggen hie Fox yn Nederlân al optreden, benammen yn de Gelderske oarloch, diels ûnder Maksimiliaan I sels, diels ûnder hartoch Albrecht, diels ûnder Freark fan Iselstein. Dêr hie him om 1495 hinne in Dútske binde fan lânsfeinten foarme, berucht ûnder de namme fan de ‘Swarte Wacht’, dêr't Nittert it befel oer hie. Mar net allinnich yn it Gelderske, mar ek yn it Sticht hâlde er strooptochten, dêr't koart dêrfoar in nije biskop, Freark fan Baden, tsjin optreden wie. Doe't dy him ferbûn mei Karel fan Gelre, waard de wacht wol ferslein, mar dizze fûn wer in feilich steunpunt in it krekt troch de keizerliken ferovere en befêstige Woerden. Foarnamer wie de rol troch Fox yn de Fryske oarloch. Doe't de Skieringers hartoch Albrecht om help fregen, stjoerde dy ‘jonker Fox’ mei 800 manskippen nei Fryslân ta (1496) [1] . Se gienen hjir net minder rûch tekear as harren Grinslanner tsjinstanners. De condottiere, dy't it betrouwen hie fan hartoch Albrecht (dy't him eartiids ris befrijd hie út de finzenskip fan Willem fan Gulik), wist him dit fannijs weardich te betoanen. Al rillegau ûnderwurp Westergoa him oan de betingsten fan Albrecht, mar wylst dy syn plakferfanger Wilwolt fan Schaumburg dit goa organisearre, gie Fox, nei syn lingte "de grutte kapitein" neamd, fierder mei syn ferwoastingtochten oan de oare kant fan de Lauwers. Hjir twong hy fanút in steling by it kleaster Aduard de Grinslanners dy't harren rie ten ein wienen, ta in ôfkeapsom fan 32000 gûne. Doe't dêrnei de measte Dútske bindes ûntslein waarden foar de oarloch yn Gelre, bleau hy mei noch gjin 1000 man by Schaumburg werom, om ek de Sânwâldsters te betwingen. Skytskoarjend om dizzen yn harren sterke stelling by Akkrum oan te fallen, luts hy him werom op Snits, Fan wêrút hy al gau in beweging makke yn de rjochting fan Starum. By Starum fûnen de troepen fan Schaumburg en Fox de Friezen foar harren oer, dy't ûndanks harren tsienfâldige oermacht ferslein waarden (slach by Laaksum).

Nochris ferslein wie no hast heul Fryslân needsake om de oanfierders inselde ûnderherigens te toanen as de gubernator sels, doe't dy yn Gelre stried. Nammens harren waarden 24 septimber 1498 Fox mei de greve fan Stolberg, Siegmund Pflug en de greve fan Schaumburg machtige de hulde fan Westergoa yn ûntfangst te nimmen en 9 oktober ferskynde de ‘erchlistige âlde foks’ sels mei inkelen fan harren oan it haad fan in kriichsbinde yn Frjentsjer.

Mei de Grinslanners wie men lykwols noch net klear, dy't ek noch rekken hâlde moasten mei de eastfryske greve Edzard, Albrecht syn bûnsmaat. Om dy no by te stean, dy't de striid al weriepen hei, stjoerde Schaumburg jonker Fox mei noch gjin 400 man en 3 stikken geskut (19 july 1499). Opsjende tsjin de beswieren fan in reis oer see, dêr't er him net thús fielde, hie de kapitein allinnich de langere lânwei oer Drinte keazen om it haadkertier fan de greve te beerikken yn Den Dam. Op 22 july (Maria Magdalenadei) kaam Fox by't skimer oan yn Kropswâlde en luts dêrwei op nei Kolham. Unferhoeds lutsen de Grinslanners mei oermacht tsjin him op en de Saksers hâlden stân oant Fox, dy't de striid mei syn lytse macht ûntwike kind hie, sa't hy ek wold hie, ferwûne delstoarte. Doe't syn manskippen fêrnei flechten, besicht hy haren omdoch oan te fjurjen om troch te fjochtsjen, en waard op knibbels steande en him net oerjaan wollend, stridend ôfmakke.

Syn striidmaat jonker Hans fan Grombach waard finzen nomd. De Grinslanners begroeven it lyk fan Neithard Fox, de ‘eersten kolonel van Albrechts voetvolk’ mei alle ear yn harren stêd yn it koar fan de Fransiskaner of Minderbruorretsjerke tichtby it grutte St. Marije Magdalena alter. Op de neiste pylder waard in Latynsk, op de grêfstien in Nederlânsk opskrift ta syn eare setten; beide binne letter ferdwûn. Hartoch Albrecht betreurde him as ien fan syn bêste offisieren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • EvF - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Fox (Fuchs) Nittert.
  • Groninger Volksalmanak 1839, 40-50;
  • Hofstede de Groot, Gesch. der Broederenkerk te Groningen (Grins, 1832) 74-75, 136-138
  • NNBW
  • DBNL oer Nittert Fox

Fuotnoat:

  1. J.A. Mol (1999), "tijdschrift voor middeleeuwse studies", jiergong 13, nûmer 1, side 8.