Springe nei ynhâld

CineSneek

Ut Wikipedy
CineSneek

CineSneek is in bioskoop yn de binnenstêd fan de stêd Snits.

Oant 1998 siet it Amicitia Teater, dat ek as bioskoop brûkt waard, yn it pân fan CineSneek. De gevel fan Amicitia is yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle ferboud yn 1923. Nei in direksjewiziging waard it teater omneamd en wurdt it pân allinnich as bioskoop brûkt.

Nei de sluting fan it teater moast it pân oanpast wurde oan de easken dy't destiids oan bioskopen steld waarden. It gebou waard renovearre en der waarden sealen byboud.

Yn 2006 hat CineSneek 5 sealen mei digitaal lûd. Letter wurdt de foyer en grutte seal ôfstjitten en fêstiget him dêr, nei in ferbouwing, in skuonwinkel. Dan wurde ek twa nije sealen boud, wêrtroch't de bioskoop no út seis sealen bestiet, dy't allegear op de hegere ferdjippings binne. Trije sealen krije letter in Christies Cinemaprojektor, dy't ek geskikt is foar 3D-films.

Yn CineSneek wurde ek films fan it Filmhûs Snits fertoand. It filmhûs draait, ien kear wyks, meast net-kommersjele kwaliteitsfilms en is ûnderdiel fan Film yn Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: