Amicitia Teater
It Amicitia Teater, foarhinne: Kultureel Sintrum Amicitia, is in eardere konsertseal, teater en bioskoop in de binnenstêd fan Snits. Tsjintwurdich sit bioskoop CineSneek yn itselde pân.
Soasjeteit Amicitia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan it teater giet werom oant 1815. Yn dit jier wurdt de Sociëteit Amicitia oprjochte. De soasjeteit hâlde hûs yn in 18e iuwsk pân oan de Liuwenburch 12. It pân soe al gau útwreide wurde mei in konsertseal. Ek waarden twa neistlizzende gebouwen by it gebou lutsen, wêrtroch't in grut gebou ûntstie.
Yn 1923 waard yn opdracht fan de eigener fan de NV Nederlandse Bioscoop Onderneming, Swier Miedema, in ferbouwing begûn dy't it pân omfoarmje moast ta teater anneks bioskoop. De gevel fan it pân waard nei de styl fan de Amsterdamske Skoalle weroprjochte. Yn 1933 wurdt ek it pân fan Liuwenburch 14 by it kompleks foege. Arsjitekten wienen A. Goodijk en J. Otten.[1]
De sealen yn it destiidske teater wienen multyfunksjoneel en it bioskoopdoek koe weihelle wurde om romte te meitsjen foar in grut poadium. De grutte seal fan it teater droech de namme Waterpoarteseal. Yn 1976 wurdt drogisterij De Wijde Gaper oankocht en by it pân lutsen, de bysûndere gevel wurdt ek trochlutsen. Op dat moment krijt it gebou har hjoeddeiske foarm.
Bysûndere foarstellings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ein 19e iuw joech it muzykkorps fan de Snitser Skutterij faak útfierings yn it teater.[2] Letter soenen ek Rythm Stars, Advendo en it Stedsk Muzykkorps hjir optredens fersoargje. Ek waarden der eksposysjes hâlden. Alle jierren spilen ûnderwizers fan it leger ûnderwiis hjir it Sinterklaas Mearke. Ek bekende Nederlânske akteurs dienen it teater oan mei harren foarstellings, foarbylden binne ûnder mear Freek de Jonge en Youp van 't Hek.
Ein Amicitia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1998 krijt it teater in nije direksje nei it tragyske ferstjerren fan Johan Miedema jr.. Letter ûndergiet it theater in radikale nammeferoaring en wurdt it tiidrek Amicitia ôfsluten. De nije direksje, ûnder lieding fan Hans Wijnstok, giet fierder ûnder de namme CineSneek en ferdwynt it Amicitia Teater nei de skiednisboeken.[3] Sûnt it sluten fan it teater hat Snits gjin teaterseal mear. Yn 2012 komt hjir feroaring yn en wurdt Teater Snits iepene.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 1976 bringt Koningin Juliana in besyk oan it teater foar in "ynformele gearkomst".[4]
- Op de hoeke fan de gevel fan it theater siet in scrafitto makke troch Cobi Doevendans,[5] tsjintwurdich sit dit keunstwerk der net mear.