Cobi Doevendans

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Coby Doevendans (rjochts) by de iepening fan in eksposysje (1972) yn it Frysk Skipfeart Museum

Adriana Jacoba Doevendans (Snits, 20 july 1946) is in byldzjend keunstner út Snits. Se makket gûasjes, oaljeferven, lito's en muorredekoraasjes. Underwerpen binne meast lânskippen yn neo-ekspresjonistyske styl. As byldhouster makke sy ek reliefs, útfierd yn chamotte en glazuere.

Hja wie learling fan de Akademy Minerva yn Grins en fan de Sommerakademy yn Salzburg. Krige lessen fan Corneille en Slavi Soucek en krige yn 1970 en 1972 prizen fan de stêd Salzburg foar non-figurative skilderkeunst en litografy. Stie earst sterk ûnder ynfloed fan de Kobra-beweging, mar wist troch yntegraasje fan feiten út de Pop-art en Actionpainting in hiel eigen sfear te skeppen. Wenne en wurke earst yn Snits, letter ferhuze se nei Grins. Sy joech dêr les oan ferskillende Grinzer middelbere ûnderwiisynstellings. Wie lid fan it Bûn fan Fryske Keunstners yn Ljouwert en wennet no wer yn Snits.

It wapen op Amicitia, it gevelreliëf oan de Groen van Prinstererskoalle en de Johannes Postskoalle yn Snits binne fan har hân. Skilderingen en peinjes fan har sitte ek yn de kolleksje fan it Frysk Skipfeart Museum.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: