Springe nei ynhâld

Corneille

Ut Wikipedy
Corneille (1995)
Katfûgel, yn 2001 setten yn Heerhugowaard by it stasjon. In identyk byld stiet ek by it Cobra Museum yn Amstelveen

Guillaume Cornelis Beverloo, better bekend as Corneille, (Luik, 3 july 1922 - Auvers-sur-Oise (Île-de-France), 5 septimber 2010) wie in Nederlânske Cobra-skilder.

Corneille wie foar it meastepart autodidakt, mar folge keunstkursussen oan de Amsterdamse Akademy, tusken 1940 en 1942. Yn 1946 hold hy yn Grins syn earste eksposysje.

Earst sterk beynfloede troch it wurk fan Picasso, makke hy him yn 1948 hjirfan los en kaam by de Cobra-beweging; hy is dêrfan mei-oprjochter, tegearre mei ûnder oaren Karel Appel, Jan Nieuwenhuys en dy syn broer Constant Nieuwenhuys.

Yn 1950 ferhuze Corneille fan Amsterdam nei Parys. Dêrnei reizge hy meardere kearen nei oare dielen fan de wrâld: Noard-Afrika, Noard-Amearika, de Antillen en Súd-Amearika. Dizze reizen bepale tige de aard fan syn wurk. Lyryske eksposysjes yn in waarm en nuansearre koloryt drukke syn spontane emoasjes út. Sûnt 1960 foel hy werom op figurative keunst, wêrby't froulju, fûgels, blommen en personaazjes faak ûnderwerp binne.

Corneille blykte medio 2005 noch like warber as eartiids, ek al waard der berjochte dat hy "depressyf" wêze soe. Sels beweart er dat skilderjen gjin hobby of wurk is, mar earder in ropping. Oant syn dea hie er syn atelier yn Parys. Besikers woe er meastentiids net oer de flier hawwe. Yn 2006 is in rekordbedrach betelle fan € 215.000 foar in skilderij fan Corneille.

Hy makke de lêste jierren in minne tiid troch; hy siet sa't it liek yn in ynrjochting en waard (neffens in troch syn frou lykwols tsjinsprutsen berjocht) ûnder kuratele steld troch syn frou en soan, omdat hy jild ferkwânsele hawwe soe, feroarsake troch in manyske-depresje. Corneille's freonen en galeryhâlders beweare lykwols dat syn húshâlding him opslute litten hat omdat se jild woenen. Yn juny 2007 like hy der wer boppen-op te wêzen; hy wie persoanlik oanwêzich by de iepening fan in tentoanstelling yn it CoBrA-museum yn Amstelveen.

Syn keunstwurk Au sein de désert, il y a encore de la place pour les yeux (1949) hat by in feiling yn Kopenhagen (2006) € 281.000 opbrocht. Noch nea earder is foar ien fan syn wurken sa'n bedrach betelle.

Corneille hat ek libbensgrutte skulptueren makke. Syn wurk 'Le Bateau de L'espoir' waard yn 1993 ferkocht foar HFL 70.000 en is tsjintwurdich in mannichfâld fan dat bedrach wurdich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: