Teater Snits

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Teater Snits is in middelgrut teater yn de Stasjonsbuert fan de stêd Snits.

It teater is yn 2008 stifte yn it eardere postkantoar oan de Westersingel en is ûnderdiel fan Kultureel Kertier. Teater Snits is de opfolger fan het Amicitia Teater, dat begjin dizze iuw ticht gie en opgie yn CineSneek, as stedsteater fan Snits.

Yn july 2010 waard begûn mei de nijbou fan it teater op it plak fan it eardere postkantoar, dat dêrfoar sloopt waard. De teaterfoarstellings wykten doe tydlik út nei de Noardertsjerke, oan de oare kant fan de grêft. It ûntwerp fan de nijbou kaam fan Arsjiteketenburo Alberts en Van Huut. Yn 2012 waard it nije gebou feestlik iepene.

It nije Teater Snits is in saneamd middenteater mei 620 sitplakken, in toanieltoer mei útwreide technyske foarsjennings en in foyer. Teater Snits is de organisator fan it simmerfestival Snitser Simmer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: