Noardertsjerke (Snits)
Noardertsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Tsjerkegrêft 10 | |
koördinaten | 53°1' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
ôfstjitten | 2001 | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | J.P. Hogendijk | |
boujier | 1881 | |
boustyl | neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
Kaart | ||
De Noardertjerke is in earder tsjerkegebou yn 'e Snitser binnenstêd.
It tsjerkegebou is yn 1881 boud neffens ûntwerp fan J.P. Hogendijk en is oant 1 july 2001 brûkt as grifformearde tsjerke.
Nei de sluting fan 'e tsjerke waard it gebou in skoftlang as appartemintegebou brûkt. It gebou is yn 2008 yngreven restaurearre, wêrby 't it gebou yn âlde steat werombrocht waard. Sûnttiids is de tsjerke ûnderdiel fan it Kultureel Kertier Snits.
Yn it gebou hat sûnt 2007 in tsjerke-oargel út de yn dat jier sluten Snitser Ichtustsjerke.
Sûnt 2010 brûkt Teater Snits it gebou tydlik oant de bou fan it nije teater klear is.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan it ôfstjitten fan 'e Noardertsjerke ferhûze it yn 1964 troch de firma Blank boude oargel nei de Andreastsjerke yn Rotterdam, dêr't it ynstrumint op 8 desimber 2001 yn gebrûk nommen waard.[1]
Tsjintwurdich stiet der wer in oargel yn de eardere tsjerke, dat ôfkomstich is út de Snitser Ichtustsjerke en yn 1968 troch de firma Bakker & Timmenga boud is.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|