Springe nei ynhâld

Ichtustsjerke (Snits)

Ut Wikipedy
Ichtustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
koördinaten 53°1' N 5°40' E
Tsjerklike gegevens
ôfstjitten 2007
Arsjitektuer
arsjitekt J.J.M. Vegter
boujier 1959
Kaart
Ichtustsjerke (Snits)
Ichtustsjerke

De Ichtustsjerke wie in Nederlânsk-herfoarme tsjerkegebou yn 'e wyk Sperkhim ýn 'e stêd Snits.

It tsjerkegebou is yn 1959 as in sealtsjerke boud nei in modernistysk ûntwerp fan arsjitekt J.J.M. Vegter. De Herfoarme Tsjerke (no PKN) makke gebrûk fan it gebou. It gebou is sûnt 2006 in gemeentlik monumint.

De tsjerke yn 2007.

De tsjerke waard yn 2007 foar de earetsjinst sletten. Nei't it oargel al yn 2007 út de tsjerke ferhûze, ferlear de Ichtustsjerke yn 'e winter fan 2011-2012 de rest fan it meubilêr en yn 2013 waard útein set mei de ferbouwing fan 'e tsjerke foar in nije bestimming as Thomashûs. Sûnt de oplevering is de eardere tsjerke in lytsskalige wenfoarm foar minsken mei in ferstannelike beheining.[1]

Nei it sluten fan 'e tsjerke yn 2007 ferhûze Bakker & Timmenga it oargel nei de Snitser Noardertsjerke. Tagelyk waard de disposysje fan it oargel oanpast.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: