Teäter Snits
Teäter Snits is in middelgrut teäter yn de Stasjonsbuert fan de stêd Snits.
It teäter is yn 2008 stifte yn it eardere postkantoar oan de Westersingel en is ûnderdiel fan Kultureel Kertier. Teäter Snits is de opfolger fan het Amicitia Teater, dat begjin dizze iuw ticht gie en opgie yn CineSneek, as stedsteater fan Snits.
Yn july 2010 waard begûn mei de nijbou fan it teäter op it plak fan it eardere postkantoar, dat dêrfoar sloopt waard. De teaterfoarstellings wykten doe tydlik út nei de Noardertsjerke, oan de oare kant fan de grêft. It ûntwerp fan de nijbou kaam fan Arsjiteketeburo Alberts en Van Huut. Yn 2012 waard it nije gebou feestlik iepene.
It nije Teäter Snits is in saneamd middenteater mei 620 sitplakken, in toanieltoer mei útwreide technyske foarsjennings en in foyer. Teäter Snits is de organisator fan it simmerfestival Snitser Simmer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|