Blauhús (Súdwest-Fryslân)
Blauhús | ||
Sint-Fitustsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 600 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,12 km², wêrfan: - lân: 2,10 km² - wetter 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 288 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 1' N 5° 31' E | |
Himrik Blauhûs yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel | ||
Offisjele webside | ||
Hiemside Blauhûs | ||
Kaart | ||
Blauhûs is in doarp súdeastlik fan Boalsert en súdwestlik fan Snits yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
It doarp hat 600 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Blauhús
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de herfoarming yn 1580 moasten yn it gebiet súdwest fan de line Boalsert-Snits in tsiental lytse parochy's ferdwine. Dêrom waarden foar de oerbleaune katoliken reizgjende preesters oansteld, dy't de sakraminten tatsjinnen en missen opdrage koene. Dy situaasje bleau bestean oant yn 1651 it polderbestjoer fan de yn 1632 drûchleine Sinsmar in gebou oan 'e roomsken beskikber stelde. Dat wie in gebou dat op it stee fan it hjoeddeiske Teatskehús stie. It polderhús hie blauwe dakpannen en waard dêrom 'it Blauhús' neamd. Yn dy tiid kaam pryster Adam Petri út Hieslum dêr wenjen en waarden de earste huzen om "it Blauhús" hinne boud. De bewenners dêrfan wiene fansels ek roomsk en om't dat polderhús brûkt waard as skûltsjerke ûntwikkele Blauhús him as in katolike enklave.
"It Blauhús" waard mei ferrin fan tiid te lyts as tsjerke en dêrom waard njonken it gebou in nije tsjerke boud yn 1785. "It Blauhús" waard doe as pastorij brûkt. Dy gebouwen waarden brûkt oant 1871. Tusken 1868-1871 waard ûnder lieding fan pastoar Evers nei in ûntwerp fan Pierre Cuypers de neogotyske Sint-Fitustsjerke boud.
Doarpsstatus en útwreiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1949 lei Blauhús yn 'e himrik fan Westhim en sûnt dat jier waard Blauhús in apart doarp. Yn 'e jierren 1950, 1960 en 1970 waarden in soad wenningwetwenten byboud. Yn 'e jierren 1950 waarden dy oan de Atsemar boud, ein jierren 1960 oan de Sinsmar en begjin jierren 1970 oan 'e Lytse Finne en de Van der Looswei.
Yn de jierren 1980 krige it Teatskehiem stâl en waard útein set mei de bou fan (meast eigen) wenten oan de Gerben Rypmastrjitte. Yn 'e earste helte fan de jierren 1990 is dat plan folboud en yn 'e twadde helte fan jierren 1990 waard begûn mei bebouwing oan 'e Sylroede. De bedriuwen sitte meast oan de Jacobidyk en de Broer de Wittestrjitte, oan de noardeastkant fan Blauhús. Ein 2007 waard begûn mei de twadde faze fan it bouplan oan 'e Sylroede.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 2011 lei Blauhús yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blauhús hat in Feriening foar Doarpsbelang dy't yn 1948 oprjochte is. Yn 'e karnavalstiid wurdt it doarp omdoopt ta Fyfkesryk. Ek bekend is de Blauhústermerke.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Blauhûs).
Blauhús stiet tradisjoneel bekend as in roomsk plak. It doarp hat in grutte roomske tsjerke, dy’t yn 1868 boud waard. De restauraasje fan dy Cuyperstsjerke waard yn 1993 foltôge. De parochy stelt de tsjerke bûten tiden dat der in misse opdroegen wurdt, regelmjittich iepen foar besichtiging.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sint-Gregoariusskoalle. Der is in pjutteplak It Protternêst en it jeugdhûs Siesa.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It aktive ferieningslibben makket gebrûk fan de sportseal (De Singel), it jongereinhûs en it sportfjild. De jongerein hie yn 2010 sa'n tsien keten (ek wol: dophokken): De Kie, Boethús, Keet fan Piet, Keet 't Fokhok en Keet De Skuorre en Keet Brandsma. Foar de âlderein is der it soarchsintrum Teatskehús. Op it dak fan it Teatskehûs is de Blauhúster Dakkapel ûntstien. De akkommodaasjes binne boud mei grutte ynset fan 'e doarpsmienskip. De sportseal fan Blauhús hjit De Singel.
|
De list is û.o. mei help fan 'e hiemside fan Blauhús opsteld. Sjoch op de hiemside fan Blauhús foar de meast aktuele list fan ferieningen
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 546 | 520 | 508 | 491 | 502 | 574 | 596 | 604 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Teije Brattinga (1929), teolooch
De Fryske Hynstefôle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In keunstwurk yn it doarp is "De Fryske Hynstefôle" fan Maria van Everdingen fan Loaiïngea, skean foar de tsjerke oer. It keunstwurk symbolisearret de sterke bân tusken de minske en it hynder en ferwiist nei de tiid dat it hynder yn dizze agraryske krite tige wichtich wie foar it wurk, ferfier en fertier. Sûnt 1873 is it doarpsfeest mei it tradisjonele hynstespektakel by de hynsteleafhawwer rûnom bekend. Alle jierren skreaune de kastleins sûnt it begjin fan 'e merken draverswedstriden út. Letter waarden it draverijen mei in hynder en boerewein en tsjinwurdich mei hynder en sjeas.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Gerben Rypma Stifting wol it wurk fan dizze skilder omtinken jaan. Yn it doarp is ek in Gerben Rypmastrjitte.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjoch: Strjitten yn Blauhûs.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|