Sint-Fitustsjerke (Blauhûs)

Ut Wikipedy
Sint-Fitustsjerke
Tekeningen fan de Sint-Fitustsjerke út 1877

De Sint-Fitustsjerke is in roomsk-katolike, oan Sint-Fitus wijde, tsjerke yn Blauhûs. De arsjitekt wie dr. P.J.H. Cuypers en opsichter wie de lettere ryksboumaster C.H. Peters. De tsjerke, in trijebeukige krúsbasilyk mei toer, waard yn 1869-1871 boud yn neogotyske styl. Ungebrûklik foar in neogotyske tsjerke is de tapassing fan it alternearjend stelsel yn it ynterieur.

Nei de Reformaasje kaam in pryster nei it ôflizzende Blauwe Hûs. Troch de ferfolging moast hy syn wurk temûk dwaan yn dit polderhûs. Sa ûntstie yn it protestantske Fryslân in roomske enklave. Patroan fan parochy en doarp is sint Fitus, dy't ek om syn leauwe ferfolge waard en op jonge leeftiid de marteldea stoar. Fitus is de beskermhillige tsjin oerstreamings en patroan fan it eardere bisdom Ljouwert.

Bouhear Pierre J.H. Cuypers, begûn oan syn earste bouopdracht yn Fryslân. De bou fan tsjerke en pastorije begûn yn july 1868, de oplevering wie yn maaie 1870. De pastorije is yn de styl fan de Frânske renêssânse, de tsjerke neogoatysk. Ek it ynterieur waard troch Cuypers ûntwurpen. It oargel mei 938 pipen út 1924 is boud troch de bruorren Rohlfing út Osnabrück. Under de ramen steane hilligen dy't Fryslân kerstene hawwe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]