Teije Brattinga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Teije Brattinga
persoanlike bysûnderheden
echte namme Teije Aukes Brattinga
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 febrewaris 1929
berteplak Blauhús

Teije Aukes Brattinga (Blauhús, 24 febrewaris 1929) is in teolooch, dosint, amtlik sekretaris en Frysk skriuwer.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne te Blauhús, in roomsk buorskip yn de protestantske omkriten dat by Westhim hearde en earst yn 1950 offysjeel in doarp waard. It hat syn libben tekene, benammmen trochdat er nei de legere skoalle him ynskriuwe liet oan it gymnasium foar jonges dy't pryster wurde woene yn de roomske tsjerke. Dat wie yn 1942, ûnder de Twadde Wrâldoarloch. It gebou fan it seminaarje yn Apeldoorn wie troch de dútskers nadere. It ûnderwiis waard tydlik yn Ootmarsum jûn. Nei de oarloch koe hy nei Apeldoorn. Dat fan it pryster-wurden is him net wurden. Wol joech de skoalle in goed literêr ûnderwiis en krige hy nocht oan de fryske taal.

Werom yn Fryslân yn 1949 naam er it ynstitút foar it lesjaan yn masineskriuwen (type) en stenografy te Boalsert oer fan Theo Andela. Hy waard warber yn it fermidden fan de fryske beweging, publisearre dichtwurk en proaza yn it moanneblêd De Tsjerne, sleat him oan by in groep jonge fryske skriuwers dy't har De Mieren neamden en die journalistyk wurk by it deiblêd Ons Noorden. Hy troude yn 1955 mei Johanna Monica Altenburg. Yn 1956 naam er mei syn broer Hink de boekwinkel en printerij 'It Wite Boekhús' yn Boalsert oer. Fan de Blauhúster skilder en dichter Gerben Rypma sammle er de gedichten en fersoarge yn 1965 in karlêzing fan it wurk fan Rypma ûnder de titel "Ik haw myn dreamen hawn en fragen". Hy waard bestjoerslid fan it Roomsk Frysk Boun en hold op 15 augustus 1964 de rede op de tradysjonele Roomske Friezendei mei de titel "Sicht op hjoeddeisk katolisisme". Dêr hat er syn fisy dellein dêr't er altyd trou oan bleaun is.

Naam yn 1969 mei oaren it inisjatyf ta de oprjochting fan de Koperative Utjouwerij en wie dêr jierrenlang mei Trinus Riemersma, Josse de Haan en Piter Boersma bestjoerslid fan (1992-2000). Hy gyng yn 1966 nei Wychen te wenjen om theology te studearjen oan de Universiteit fan Nijmegen. Hy studearre yn 1972 cum laude ôf op in skripsje oer de dútske teologe Dorothee Sölle. Fan 1972 oant 1984 joech er les oan it Dominicuscollege yn Nijmegen. Promovearre yn de teology op in proefskrift oer de Dútsk-Amerikaanske teolooch Paul Tillich yn 1980. Fan 1984 oant 1994 hie hy in funksje yn de oekumenyske beweging tusken de tsjerken as amtlik sekretaris fan de Sint Willibrord Vereniging. Publisearre in stikmennich artikels yn Tjdschrift voor Theology, yn hokker tydskrift hy jierrenlang de resinsjes fersoarge fan boekútjeften oer de relaasje fan teology en de natuerwittenskippen. Hy naam yn 1990 it iniatyf ta it oprjuchtsjen fan it Paul Tillich Genootschap, in stúdzjesintrum foar de theology fan Paul Tillich en wurke mei oan de ynternasjonale twajierringe symposia oer Paul Tillich yn Frankfurt am Main. Yn 1994 naam er ôfskie fan de Willibrord Vereniging mei in rede, titele "Kan het een toon lager? Over oecumene, kerk en samenleving".

Publikaasjes (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sicht op hjoeddeisk katholicisme (rede Roomske Friezendei 1964)
  • De stadige leafde fan Fetsje (roman 1964)
  • As in skaed (roman 1964)
  • Twadde fan Brahms (roman1967)
  • Een theologie van de mens naar wie God omziet (doktoraal-skripsje 1972)
  • In kras op wyt papier (gedichten 1972)
  • Sorry, het zijn er meer (gedichten 1975)
  • Jezus fan Nazareth - syn bitsjutting (1977)
  • Theologie van het socialisme. Een studie over het Religieus Socialisme, met name de theorie van het Religieus Socialisme zoals die is ontwikkeld door Paul Tillich (dissertaasje 1980)
  • Karl Marx - Bruno Bauer - Ludwig Feuerbach. Een studie naar de herkomst van de marxistische opvatting over godsdienst (1982)
  • De oudtestamentische verbondsgedachte (1988)
  • Theologie en Wetenschap. Kunnen ze met elkaar overweg? (1990)
  • Paul Tillich over verkondiging (1993)
  • Kan het een toon lager? Over oecumene - kerk - samenleving (1995)
  • Nuvere minsken: Roomsken yn Fryslân (1995)
  • Ynlieding op de Bibel (1995)
  • Lytse Anna (berneferhaal 1999)
  • Dy ferrekte papen (documentaire dramatique/roman 2000).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: