Roomsk Frysk Boun
Appearance
It Roomsk Frysk Boun is yn 1917 oprjochte, mei op oanstean fan pater karmelyt Titus Brandsma (1881 - 1942) dy't oant 1925 skriuwer wie fan it bûn.
Yn 1945 hat it RFB him oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging.
Yn 1997, krekt 80 jier nei de oprjochting, is it bûn opgien yn it Kristlik Frysk Selskip. De beide selskippen hienen dêr foar al in jiermennich yn in soarte fan federaasjeferbân gearwurke.
By it opheffen fan it Roomsk Frysk Boun, waard de stifting "Mei Alle Wille" oprjochte, dy't simmerkampen foar skoalbern organisearret.